Waarpraatsje: Grut ferskil yn temperatuer

maaie 19, 2019 19:40

Sjoen yn Leien! Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in hiel wol kreas wykein. Dochs wiene der grutte ferskillen yn temperatuer tusken it easten fan Fryslân en bygelyks de Waadeilânen. Flinke tongerbuien leine snein ek net fier fan de provinsje, mar it bleau drûch. Moandei wurdt ek in kreaze dei.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei is it dizenich mei lege bewolking. By in swakke wyn út it noarden oant noardwesten wurdt it 10 graden.

Moandei skynt de sinne flink, mar der is sa út en troch ek (wat) bewolking. Der is in lytse kâns op in (tonger)bui. De noardwestewyn is swak oant matich en de temperatuer leit op ‘e nij tusken de 13 en goed 20 graden.

Fan tiisdei ôf wurdt it in bytsje frisser.

Jan Brinksma

maaie 19, 2019 19:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.