Waarpraatsje: Fris wykein

maaie 10, 2019 18:57

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in hiel wol kreaze freed sjocht it der foar it wykein ek net min út. It is wol oan de frisse kant.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is it helder. By in swakke oant matige noardeastewyn leit de temperatuer inkelde graden boppe it friespunt.

Sneon skynt de sinne flink mar der is sa út en troch ek bewolking. It bliuwt yn Fryslân, nei alle gedachten, drûch. De fleagerige wyn komt út it noarden en is matich, boppe de Iselmar frij krêftich. De temperatuer leit om de 12 graden hinne.

Snein feroaret der hast neat oan it waar.

Nei it wykein bliuwt it drûch en wurdt it stadichoan waarmer.

Jan Brinksma

maaie 10, 2019 18:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.