Waarpraatsje: Frij waarm wykein

maaie 17, 2019 18:15 Fernijd

Eastersee-Buorren. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in meastentiids skiere freed krije wy in frij waarm wykein, mar strieljend wurdt it net.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is de lof berûn. Letter yn ‘e nacht binne der, nei alle gedachten, ek inkelde opklearringen. De swakke wyn komt út it easten oant noardeasten. By de kust lâns en boppe de Iselmar is de wyn matich. It wurdt 8 graden.

Sneon skynt de sinne, mar der komme ek hingelwolken en der kin in (tonger)bui falle. De swakke wyn komt út ferskate rjochtingen. De temperatuer leit om de 20 graden hinne.

Snein feroaret der net folle oan it waar. It is op ‘e nij oan de waarme kant mar de sinne skynt net folle.

maaie 17, 2019 18:15 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.