Waadhoeke stipet startende ûndernimmers

maaie 16, 2019 08:45

Startende ûndernimmers op kursus. Foto Gemeente Waadhoeke.

Startende ûndernimmers wurde yn de gemeente Waadhoeke stipe mei in rige ynformaasjegearkomsten om harren sa goed mooglik ta rieden. Sa’n tritich ûndernimmers meitsje gebrûk fan de kursus, dy’t harren fergees oanbean wurdt. Yn it eardere Frjentsjerteradiel wie al sa’n ûndernimmerprogramma.

It programma bestiet út tsien gearkomsten dêr’t alle aspekten fan it ûndernimmerskip yn oan de oarder komme: belestingen, administraasje, marketing, sosjale media, fersekeringen en finansiering. Benammen de persoanlike oandacht en begelieding wurde tige op priis steld. Dat jildt ek foar it kontakt mei oaren dy’t in eigen ûndernimming hawwe. Soks stimulearret en draacht by om in netwurk te foarmjen, blykt út de reaksjes fan de dielnimmers.

“Wy achtsje it wichtich om de ûndernimmers te stypjen yn ús gemeente. Soms begjinne minsken in bedriuw en jouwe se it op omdat se, troch wat se allegear dwaan moatte, deryn omkomme. Wy kinne harren in goede basis jaan, paadwiis meitsje en in helpende hân oanbiede. In better begjin leveret mear kâns op sukses foar de ûndernimjmer. Dêr wol Waadhoeke graach oan meihelpe”, seit Baukje Postma, akkountmanager Ekonomysche Saken. “Mear bedriuwichheid en mear ûndernimmers drage by oan it ekonomysk klimaat yn de gemeente. Bedriuwen lûke inoar ek faak oan. Mei troch it ûndernimmerprogramma wolle wy dêr in sûne omkrite foar befoarderje.”

maaie 16, 2019 08:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.