‘Vogels kiek’n’ yn de Catspoolder

maaie 9, 2019 08:51

Foto It Fryske Gea/Dico de Klein

Yn de Catspoolder by Pipergea (Weststellingwerf) stiet in nije hut om fûgels yn de natuer te skôgjen sûnder se te steuren. It is ‘Catskieker’, dy’t woansdei offisjeel iepene is en dy’t in foarige hut yn de Lendepoolder ferfangt. Dy is yn 2007 ôfbrând. By it oanlizzen fan fan de Catspoolder ûntstie yn 2012 it plan om op de polderdyk in hut te setten dy’t in moai útsjoch op it natuergebiet jout. Fiif jier letter waard dat konkreet en krige arsjitekt Pieter Jukema de opdracht foar in ûntwerp yn stiel dat perfekt yn it natuergebiet past.

No’t dat realisearre is kinne de natuerleafhawwers derop ôf en besjoch it fûgelrike gebiet. De kâns is grut dat de ielreager en de grutte wite reager en faaks ek noch de seldsume reade reager te sjen binne. De grienskonk op syn lange poaten, it wytgatsje, de hoants en wintergasten lykas  smjunten en oare einen binne ek de muoite fan it besjen wurdich.

De Catspoolder, in gebiet fan petgatten ûntstien troch it ferfeanjen yn de 18de en 19de iuw, is yn de tweintiger jierren fan de foarige iuw oanmakke as boerelân en sa jierren brûkt. De polder moast wol tige bemeald wurde. Yn 2009 is er oan de natuer weromjûn en sûnt wurdt der net mear meald. De polder tsjinnet no as wetterberging. It peil is gelyk oan dat fan de Lende. Mei in wikseljend peilbehear, troch de oanfierskúf nei de Lende by ’t maitiid ticht en yn de hjerst iepen te dwaan, wurdt soarge foar in protte fariaasje yn wetterplanten en fûgels.

Der is in hanwizer, in parkearterrein en in ynformaasjepaniel, dat de besikers kinne mar komme. Ien en oar waard finasjeel mooglik makke troch stichting De Versterking, stichting Ynnatura en de Nasjonale Postkoadelotterij.
Mear ynformaasje is te finen op www.itfryskegea.nl/hypermoderne-vogelkijkhut-in-de-lendevallei-it-fryske-gea.

maaie 9, 2019 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.