Utnaaid

maaie 18, 2019 09:00

Resint ferskynd

Foto: pixabay.com

Mickey, sa hjit de meanmasine
fan ús âlde buorfrou Tine.
Alle dagen krûpt er oer har bleek
en meant dan streek foar streek
it gers moai koart
sûnder dat buorfrou der omsjen nei hat.

Mar lêsten, alhiel oerstjoer
kaam buorfrou de dyk oer.
Se koe Mickey nergens fine,
hy stie net yn syn hokje by de line.
Ek op ’t gers wie er net,
dat buorfrou wie alhiel upset.

Wy gienen tegearre op syk,
beide oan in kant fan de dyk.
Mar nee hear, Mickey wie der net,
dat doe binne wy mar nei de buorren ta set.
Underweis, it wie wol hiel apart,
hienen alle bleekjes it gers hiel moai koart.

Ynienen seach buorfrou him,
en rôp him mei lûde stim.
Mar Mickey stie wêr’t er stie,
om’t er gjin puf mear hie.
Wy ha doe mar in karke opsocht
en him dêrop wer nei hûs tabrocht.

Thús rekke hy wer wat by sûp’ en stút
en doe kaam it hiele ferhaal derút.
Reden fan syn reis nei de buorren wie,
dat er yn buorfrous tún wat te min útdaging hie.
Mar nei syn ûnderfining fan hjoed,
fynt er it yn buorfrous tún wer hielendal goed.

Folkje Koster

maaie 18, 2019 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.