Us heit en de oarloch

maaie 11, 2019 10:49

Ferhaal

Op Befrijingsdei wiene myn man en ik mei de bern op besite by ús heit, Ruerd Wiersma. Wy hiene it deroer dat der alle jierren wer nije ferhalen oer de oarloch foar it ljocht komme, mar dat it dit jier dochs minder wie as wol west hat. Gjin wûnder, it tal minsken dat de Twadde Wrâldoarloch meimakke hat slinkt. Ik frege ús heit, wat hy noch fan de oarloch wist. Hy is fan 1935, dat hy wie noch mar in jonkje doe’t de oarloch útbriek.  Heit rekke op ’e tekst en fertelde ús oer wat er him noch yn it sin bringe koe. Doe’t er healwei wie sei er: “Ik haw it allegear alris opskreaun. Dat kinst wol meikrije.” Fan ’e wike haw ik him frege oft it wol op It Nijs mocht. Dat wie goed, sei er. (Rinskje Wiersma)

De Twadde Wrâldoarloch

Ik wie fiif jier doe’t de oarloch útbriek. It wol my net heuge dat ik dêr doe wat fan fernommen haw. Wat ik noch wol wit is, dat op it finster fan ús beukerskoalle (bewaarskoalle seine we doe) op in dei in plakkaat siet mei ‘lêzen’ derop. Wy koene noch net lêze fansels. De juffer fertelde dat dêr ‘Voor Joden verboden’ op stie. Dat sei ús neat, wy wisten net wat dat betsjutte, mar dy tekst wie maklik te ûnthâlden troch syn rym en al dy o-klanken, betink ik no.

In pear jier letter fernaam ik wol dat it in spannende tiid wie. Der waard praat oer Dútsers en NSB’ers, en op it plein fan de grutskoalle dêr’t ik doe hinne gie, hiene de jonges út de heechste klasse it oer Poalen. Dêr soe it allegear mei begûn wêze, troch in ynfal fan Hitler. Se makken har dêr tige drok oer, mar it krekte begriep ik net. Ik hearde ek praat oer ferset en ûndergrûnsken, en dat der guon oppakt waarden. De finsters moasten fertsjustere wurde en de lampe fan ús heit syn fyts moast in kapke foar mei in lyts slúfke dêr’t noch wat ljocht troch skine koe. Letter mochten ús heit-en-dy jûns nei achten net mear bûten komme.

De heit fan Jildert, in jonge by ús yn ’e klasse, waard oppakt. Dy siet yn it ferset, hearden wy doe. De Dútsers wiene dat gewaarwurden en hawwe him ophelle. Letter hearden wy dat er deasketten wie. Foar myn gefoel hat ús begrutsjen mei Jildert net lang duorre. De heit fan myn kammeraat hat ek oppakt west. Dy hie gewurde litten dat op syn pleats syn arbeider in skiep slachte. Nei trije moanne kaam er wer thús. Hy hie yn kamp Amersfoart en yn kamp Vugt sitten. Dêr hie er it tige min hân. Hy wie branhoutmeager doe’t er thúskaam. Hy fertelde dat der ek Joaden yn dy kampen sieten. Dy hiene it noch folle minder. Dy waarden om elk skytwysjewasje mei stokken slein. De arbeider hat in healjier fêstsitten yn in kamp foar swarthannelers.

Stadichoan krigen wy it ek minder. Der wie net folle oan iten mear te keap en alles wie op de bon, op rantsoen. De bôle wie suver net mear te iten, sa kliemsk. Klompen wiene amper te besetten. Se waarden kramme as se stikken wiene en de soal waard oplape mei in stik autobân of sokssawat. Sommige bern rûnen op learzens dêr’t de boppe-ein ôfsnien wie.

It waard o sa spannend doe’t net fier by ús wei op in kampke lân in wachtpost boud waard. Dêr spaanden Dútske soldaten om. Ien dêrfan, in dikke keardel dy’t Günther hjitte, wiene wy skitend benaud fan. Dy seach altyd mâl en hy koe ôfgryslik skelle en raze. As wy dy oankommen seagen krûpten wy yn de berm.

Günther liet him fan dy wachtpostsoldaten it meast sjen. Hy helle molke by it komelkersspultsje fan Hidde en Meinskje. Hidde, hearde ik ús heit sizzen, wie fan de ferkearde kant. Dy hold it mei de Dútsers. Günther mocht dêr graach komme en hy iet dêr ek wol. Meinskje mocht Günther wol lije. Hidde en Meinskje hiene in grutfanke, Tine, dêr’t wol wat slinger oan siet. Op ’e buorren gie it praat dat Günther en Tine jûns wol giene te kuierjen. Hy mocht by tsjuster fansels wol bûtendoar wêze. Der waard sein dat se ek wol yn Hidde syn heaberch weikrûpten.

V1 – Vergeltungswaffen. (Foto Wikimedia Commons)

Der wiene dagen dat de loft fol fleantugen wie. Dan hearden je oan ien tried wei gebrom, earst yn eastlike en in skoft letter yn westlike rjochting. Dat gie om bombardeminten yn Dútslân troch de alliearden. Mar wy hearden ek it gelûd fan de V1. Dy waarden út de Rysterbosk wei op Ingelân ôffjurre.

Yn de hjerst fan 1944 krigen hast alle minsken berjocht dat se evakuees krije soene, útfanhûzers út it gebiet om de grutte rivieren hinne. Guon krigen in hiele húshâlding tawiisd, oaren ien of twa persoanen. Wy krigen twa Brabanders. Op skoalle hiene wy sawat twa kear safolle bern as gewoan. Brabânske en Gelderske evakuees en Amsterdamske hongerlijers.

Yn de iere maitiid fan 1945 waard it geheimsinnich. De minsken seine, it kin net lang mear duorje. Alderhande dingen kamen út de loft. Soms lei it lân besiedde mei rûne izeren dingen. Raketten neamden wy se. Wat dat wiene is my net dúdlik wurden. Earst sochten wy se op, mar dêr gie de aardichheid ek ôf, want wy koene der neat mei. Ik wit ek noch dat der ris allegear sulverkleurige strypkes op it lân leine. Gjin idee wat dat wiene.

En doe, snein 15 april, wie der de middeis samar it nijs: wy binne frij! Gjin idee wêr’t it weikaam, elkenien hie it deroer. De moandeitemoarns rieden in pear Kanadeeske tanks troch de buorren en holden dêr in skoftsje ho. Elkenien stie derom hinne. Flaggen waarden útstutsen. It wie feest. Letter doe’t it hiele lân frij wie, hawwe wy in echt feest hân.

Der wiene ek allegear manlju yn blauwe overals en mei in bân om ’e earm, wyt of oranje, dat wit ik net mear. Ien fan ús masters wie dêr ek by. Dat wiene de mannen fan de NBS, de binnenlânske striidkrêften. Dy hiene it doe foar it sizzen. Fuort nei de befrijing kamen dy iepentlik yn aksje, mar ûndergrûns hiene se al fan alle taret. Ien fan harren aksjes wie dat se de minsken dy’t oan de Dútske kant stien hiene, oppakten, wêrhinne wit ik net, ik tink foar ’t neist nei it gemeentehûs. Dêr hearden Hidde, Meinskje en Tine ek by. In dei of wat letter ried der in hynder-en-wein troch de buert, mei in houten jarrebak derop, sûnder de lidden. Dêr sieten de froulju yn dy’t mei Dútske soldaten skarrele hiene, hielendal kealskeard. Tine wie der ek by. Ik wit noch dat it ús mem te mâl gie, minsken sa te skande sette. Foar Tine hie it noch mear gefolgen. In moanne neidat se frijlitten waard, krige se in bern. Ik wie doe ûnderwilens tsien jier en wist wol dat soks net samar fansels komt. Günther wie fuort. Tine hat mei de lytse Hidde in skoft by har âlden wenne en is letter yn de stêd bedarre. Geandewei kamen de NSB’ers werom. De slimsten it lêst. Hoe’t it doarp mei harren omgie, stiet my neat mear fan by.

Ruerd Wiersma

 

maaie 11, 2019 10:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.