Underwiisprogramma Keunst Frij-Baan fan Prinsessehof en Gemeente Ljouwert

maaie 28, 2019 15:22

Keramykmuseum Prinsessehof is juster mei syn ûnderwiisprogramma Keunst Frij-Baan nei bûten kommen. Dêr ûntdekke learlingen fan it fuortset ûnderwiis op in nije wize keunstwurken. It programma is te folgjen fia in webapp. Op de feestlike middei lieten fearlingen fan CSG Comenius en Montessori High School – Piter Jelles lieten oan wethâlder Sjoerd Feitsma sjen hie’t it wurket. It ûnderwijsteam fan it museum ûntwikkele it programma yn opdracht fan  de gemeente Ljouwert.

foto Marieke Balk

De namme Ljouwert Frij-Baan is bekend trochdat gemeente Ljouwert, provinsjie Fryslân en Rykswettersteat de ôfrûne tsien jier gearwurken oan sa’n fjirtich ynfrastrukturele projekten. Der waarden alve kleurige keunstwerken yn de iepenbiere romte oanbrocht. Dy markearje de tagongspoarten fan de stêd om de úitstrieling fan Ljouwert oantreklik te meitsjen.

Webapp
Learlingen fan tmbû, hafûo en twû mei byldzjende foarming en/of ûndersykjen & ûntwerpen yn it pakket kinne it programma folgje. It daget harren út Alle wurken hawwe in differinsjearre oanbod oan ynformaasje en opdrachten, dêr’t learlingen mei ferskillende learstilen en ynteressen troch mei de webapp oan ’e slach kinne. Dy app is op kunstvrijbaan.princessehof.nl beskikber.

Sels oan ’e slach
Njonken it ûnderwiisprogramma mei alle jierren in tal klassen meidwaan oan in ûntwerpwedstriid. Under begelieding fan it ûnderwiisteam fan it museum geane de klassen nei de hjoeddeiske eksposysje en krije se in spesjale gastles. Dêr wurdt mei ferskillende ûntwerpprinsipes ym eksperimintearre en leare de ûntwerpers-yn-’e-dop oer it proses fan wurkjen foar in opdrachtjouwer oan in keunstwurk yn de iepenbiere romte. Der wurdt harren ek sjen litten hoe’t it mei it beoardieljen fan de ûntwerpen troch in sjuery om en ta giet. Alle jierren wurdt in seleksje fan de ûntwerpen yn it Prinsessehof presintearre.

maaie 28, 2019 15:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.