Underwiisburo Semko tekenet konvenant ‘Mear muzyk yn ’e klasse’

maaie 6, 2019 09:27

Foto: Annelies Brouwer/Semko

Ofrûne freed hat ûnderwiisburo Semko it konvenant ‘Mear muzyk yn ‘e klasse’ tekene. Muzyk jout wille, muzyk soarget foar ferbining, muzyk is emoasje, muzyk soarget foar in posityf klimaat yn ’e klasse. Koartsein, muzyk makket it ûnderwiis wat moaier. En dat past hielendal by Semko.

De ôfrûne perioade hat Semko yn ’e mande mei syn dosinten in oanbod makke foar bern en learkrêften om it muzykûnderwiis te stimulearjen. “Wy sille oan ’e slach mei Orff-ynstruminten, boomwhackers en eigen makke partitueren. Dêrneist hawwe wy in muzykcoach dy’t learkrêften helpe kin om harren fierder te ûntwikkeljen yn ‘e muzyk. Wy hawwe noch folle mear ideeën dy’t wy de kommende tiid presintearje sille. As ûnderwiisburo binne wy bliid dat wy ús oanslute kinne by it konvenant”, sa seit in wurdfierder fan Semko.

maaie 6, 2019 09:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.