Undernimmersdei Ljouwert 12 juny

maaie 12, 2019 09:13 Fernijd

Foto: LS Fotografie

Startersdagen.com organisearret yn gearwurking mei Gemeente Ljouwert, Rabobank & Interpolis op woansdei 12 juny in fergeze startersdei by NHL Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert.

De jûn befettet in protte ynformaasje en kennis oer ûndernimmerskip en is ornearre foar begjinnende ûndernimmers, starters, eigners fan in bedriuw oant trije jier âld en de súksesfolle start-ups. In protte kennispartners diele harren kennis fia in ynformaasjemerk en ferskate wurksjops en seminars. Besikers kieze harren eigen programma op basis fan de faze dêr’t harren bedriuw yn is. It evenemint is fergees te besytsjen.

Foto: LS Fotografie

Programma
Bedriuwen en ûndernimmers mei ûnderfining jouwe tips en advizen, mar wize ek op gefaren en risiko’s. Foar bedriuwen dy’t al wat langer meigean en dy’t ta binne oan in folgjende stap, is it ek in nijsgjirrige jûn. It evenemint bestiet út in ryk jûnsprogramma mei û.o. in plenêre kennisdieling mei de iepening, in ynformaasjemerk, ferskate seminars en wurksjops en helberenstoets-sesjes. Lanlike en regionale kennispartners stean klear om alle fragen dy’t mei ûndernimmerskip te krijen ha, te beäntwurdzjen.

Oanmelde
Oanmelde is mooglik fia startersdagen.com/leeuwarden2019.

maaie 12, 2019 09:13 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.