Unanym advys oer húsfêsting arbeidsmigranten yn Waadhoeke

maaie 14, 2019 13:36

De wurkgroep húsfêsting arbeidsmigranten yn Waadhoeke hat de lêste tiid mei alderhande minsken en ynstânsjes kontakt hân om ta in advys oan de gemeenteried en alle belutsenen te kommen. Dat advys is no klear en oanbean oan boargemaster Waanders, dy’t oer de oanpak fan de kommisje tige te sprekken is. Op 28 maaie is dêr in publykssitting oer yn it gemeentehûs.

Om it goede wenklimaat yn doarpen en wiken oerein te hâlden, advisearret de wurkgroep de gemeenteried om fêst te hâlden oan de noarm fan net mear as 1% fan de huzen yn in doarp of wyk en 10% fan de huzen yn in strjitte keamergewiis te ferhieren oan arbeidsmigranten. Arbeidsmigranten dy’t lang yn Waadhoeke binne, moatte leafst húsfêste wurde yn de kearnen. Dy’t mar koart bliuwe, moatte by de wurkjouwers op it terrein oan de rânen fan doarpen en wiken wenje kinne yn akkommodaasjes fan net mear as fyftich persoanen.

Yn Waadhoeke wenje tusken de 1.500 en 2.200 arbeidsmigranten, dy’t sa’n seis oant acht moanne bliuwe. In soad fan harren wurkje alle jierren by deselde wurkjouwer.

maaie 14, 2019 13:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.