Reisbeynfloeders bringe UNESCO Waadsee Wrâlderfskip besite

maaie 17, 2019 10:42

De kampanje Holland National Parks is úteinset mei in besite fan in ynternasjonale groep fan sa’n tweintich sjoernalisten en beynfloeders. Yn ’e mande mei Nasjonaal Park NLDelta en Nasjonaal Park Hollânske Dunen wurdt it UNESCO Waadsee Wrâlderfskip troch dizze kampanje ynternasjonaal ûnder de oandacht brocht. De beynfloeders, foaral rjochte op duorsum reizgjen, lieten har tongersdei ferrasse en ynspirearje troch de Nederlânske Waadkust.

Foto: Visit Wadden

De kampanje is in gearwurking tusken it Nasjonale Parkeburo en NBTC Holland Marketing. Doel is de toerist dy’t op syk is nei bysûndere natuerbelibbenissen te ynspirearjen en úteinlik te ferlieden ta in besite oan ien fan de gebieten: Nasjonaal Park NLDelta, Waadsee Wrâlderfskip en Nasjonaal Park Hollânske Dunen. Foar Visit Wadden is dit it earste grutte ynternasjonale parsemomint dêr’t Marketing Grinslân, Merk Fryslân en Holland boven Amsterdam nau mei-inoar yn gearwurkje.

Bysûndere belibbenissen
De groep kaam yn ’e kunde mei wat it Waad oan bysûndewrs te bieden hat. Mei de wyn yn it hier krigen se op in fartocht nei de seehûnebanken útlis oer it ekosysteem en it bioferskaat. Koarte tiid letter folge in unike ûnderfining. Dêr’t krekt noch fearn wurde koe, kin no oer de boaiem fan de see rûn wurde. Waadrinne. Foar mannich Nederlanner fanselssprekkend. In bûtenlanner sjocht dochs wat fernuvere as it wetter ynienen ferdwynt. Dêrnei wie it tiid om it Waad te priuwen: In sels-taret miel mei sochte en plôke yngrediïnten. Yn de jûnsoeren gie de groep nei it Lauwersmargebiet. Ien fan wrâlds Dark Sky Parks. De tsjusternis is op net folle plakken sa yntins as yn dêr, sa ûnderfûnen de beynfloeders op in nachtlike kuiertocht.

Gearwurking
De útfiering fan de kampanje Holland National Parks falt ûnder ferantwurdlikens fan it Nasjonale Parkeburo, dat nasjonale parken ynspirearret en helpt om in hegere kwaliteitsstandert te ambiearjen. It buro krige dêr stipe by fan NBTC Holland Marketing, dat ferantwurdlik is foar de posisjonearring, ûntwikkeling en marketing fan Nederlân yn binnen- en bûtenlân. NBTC koördinearret de kampanje en begeliedt parken by it formulearjen en aktivearjen fan harren merk, it ûntwikkeljen fan toeristytske ûnderfiningen en it ynfoljen fan marketingfraachstikken.

maaie 17, 2019 10:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.