Tusken Skotse Trije en metal: ynter-Frysk gearwurkjen op twasprong

maaie 30, 2019 07:58

Skôging troch Kerst Huisman

Wat is der eins sa aardich oan de trijejierlikse reis fan Friezen nei Hilgelân? Ik tink dat ik wol ien fan de minsken bin dy’t dêr echt wat bestekliks oer fertelle kin. Dat komt, omdat ik al jierren (sûnt 2002) yn it bestjoer fan de Fryske Rie sit, dy’t dy reizen organisearret. Boppedat doch ik al folle langer mei oan dy reizen, sûnt 1986, as ik it goed haw. Ik bin in libbene tsjûge fan mear as tritich jier Friezemoetingen op dat nuveraardige eilân midden op see. Ik wol dêrom wat kritysk tebeksjen. Mar ek freonlik, want dêr is it my dochs te dierber foar.

Der hawwe yn ’e rin fan de jierren hiel wat minsken út Fryslân west, dy’t dy reis nei Hilgelân meimakke hawwe. Der is in fêste kearn fan minsken, dy’t jo meastentiids elke kear wer sjogge, mar elke kear binne der ek wer oare. Der sil wol gjin statistyk fan byholden wêze. Mooglik is der yn it argyf fan de Fryske Rie wat oer te finen, mar dat seit net alles. Der binne ek elke kear wer lju, dy’t net yn organisearre ferbân nei Hilgelân reizgje.

Ik wit it wol, der binne ek minsken yn Fryslân, dy’t wat skou binne foar dit soarte eveneminten. It docht har wat te folle tinken oan Friezedweperij. Krektlyk as de lju, dy’t jo nea sjen sille by de betinking fan de slach fan 1345 op it Reaklif, binne der ek minsken dy’t jo nea sjen sille by de Friezemoeting op de reade rots. Of fersin ik my? In reiske nei Hilgelân, foaral as dat bart yn groepsferbân, is fansels folle nijsgjirriger as op in hjerstige sneontemiddei nei it Reaklif. Dat helpt wol om oer dy niisneamde beswieren hinne te stappen.

Ik ken dat gefoel wol werom. Ik hie it earst ek by de Klifbetinking, en yn it begjin op Hilgelân likegoed. Dêrby holp wol dat ik dy earste kearen op Hilgelân wie as ferslachjouwer, dus beropsmjittich. Ik moast mei in ferslach weromkomme, no. Mar myn persoanlike ynteresse kaam dêrnei hiel fluch. Ik bin nammentlik ek in man dy’t nijsgjirrich is nei al wat der omgiet yn sosjale bewegingen. Omdat sawol ‘Warns’ as ‘Hilgelân’ in soad te krijen hawwe mei de Fryske beweging yn syn brede betsjutting, giet it ek hjir om manifestaasjes dy’t hearre by in sosjale beweging. Dat hat ek makke dat ik my tige ferdjippe haw yn de skiednis fan beide. By Hilgelân is der ek noch in grutte ynteresse yn de nijsgjirrige skiednis fan it eilân bykommen.

Demonstraasje folksdûnsjen (foto © Kerst Huisman)

Foar de minsken dy’t altiten noch wat yn ’e tiis reitsje om it brûken fan it wurd ‘Rie’ hjir, efkes in koarte útlis. De Fryske Rie moat organisatoarysk ûnderskieden wurde fan de Ried fan de Fryske Beweging. De Fryske Rie is wol fertsjintwurdige yn de Ried, mar wurket fierders selsstannich fan de Ried. De Rie is de Westerlauwerske seksje fan de Fryske Rie oftewol Friesenrat, dêr’t ek seksjes út East- en Noard-Fryslân yn sitte. It wie yn it begjin ek de bedoeling, dat fertsjintwurdigers fan it kulturele libben yn West-Fryslân yn Noard-Hollân (it Earste fan de sân Fryske seelannen) en Grinslân (it âlde Fiifde Seelân) meidwaan soenen. Dat is by in pear kear ynsidinteel besykjen bleaun. De Friesenrat organisearret om de trije jier in kongres (it folgjende is oer twa jier by ús) en in jier nei it kongres elke kear in Friezemoeting op Hilgelân. Fierders hawwe der fan it begjin ôf oan ek moetingen fan spesjale groepen west.

En it is krekt dêr, wêr’t it ynterfryske oparbeidzjen begjint te stûkjen. Der binne fertsjintwurdigingen by kommen, dy’t der earst net by wienen (it bedriuwslibben), mar soks wurket oant no ta net optimaal. It slagget oant no ta nettjinsteande in man- en froumoedich besykjen dêrta net om in moeting fan minsken út it bedriuwslibben yn de trije Fryslannen te organisearjen. Yn it begjin is keazen foar in fertsjintwurdiging yn de Rie fan groepen dy’t wêzenlik achte waarden foar ‘it Fryske libben’. Dat wienen: de boeren, de boerinnen, de ûnderwizers, de bestjoerders en amtners, de geastliken, de studinten en de wittenskippers. Goed besjoen, wie dat dochs wol nuver. Want wêrom der kategoryen byhelje as bestjoerders en geastliken, dy’t perfoarst net op de foargrûn stien hawwe en noch steane by it beskermjen fan de Fryske kultuer?

Mar it liket hieltiten mear te stûkjen by wat der dan noch al is. De boeremoetingen, dy’t jierrenlang in grut súkses wienen, binne opholden. Mei moetingen fan ûnderwiisminsken en bestjoerders liket it deselde kant út te gean. Geastliken, dat slagget ek al net sa botte flot. Wat noch wol goed giet, binne de moetingen fan froulju, oarspronklik as moetingen fan boerinnen bedoeld, parallel oan dy fan de boeren. It hat nei alle gedachten foaral te krijen mei grutte maatskiplike feroaringen. It boerebedriuw is net itselde mear as sechstich jier lyn, de ûntsjerklikens hat hiel bot trochset en de Fryske studinten hawwe it te drok om op stap te gean yn in ramt dêr’t sa stadichoan âlderen de tsjinst útmeitsje.

De boerestân is gjin drager fan de Fryske taal en kultuer mear, as er dy al ea echt west hat. De Fryske taal en kultuer meitsje wy mei syn allen, yn lytse en grutte mienskippen. Dat wie yn it ferline ek sa. Gysbert Japiks wie ek gjin boer. It idee dat de boeren by útstek de dragers fan de Fryske kultuer west hawwe soenen, is eins it gefolch fan in misferstân. De boeren waarden sjoen as it meast oarspronklike elemint yn de Fryske mienskip, dan moasten se ek wol de meast útsprutsen dragers fan de Fryske kultuer west hawwe, sa wie it tinken. It is in fyzje dy’t tige bot weromgiet op de Romantyk. Yn moderne teoryen oer naasjefoarming wurdt hiel oars tsjin dy saken oansjoen.

It giet der yn wezen om dat in mienskip, in folk, ferlet hat fan tradysjes, om dêrmei it mienskipsgefoel, it gefoel byinoar te hearren, fuort te sterkjen. Dêr is ek neat op tsjin, allinnich, guon tradysjes kinne út de tiid reitsje. Yn it ferline kamen dêr nije tradysjes foar yn it plak. Wat no sokke âlde Fryske tradysjes lykje, is ek ienris al of net opsetlik yn de wrâld set. De lêste pear iuwen binne ek Fryske tradysjes ûntstien dy’t der earder alhiel net wienen. Tink oan de Alvestêdetocht, it fierljeppen en it keatsen.

In jiermannich lyn haw ik yn de Jongfryske Mienskip en de Fryske Rie pleite foar it útfinen fan nije tradysjes, sadat der nije groepen komme dy’t diel hawwe kinne oan it wurk fan de Fryske Rie. Dat soenen tradysjes wêze moatte dy’t yn al dy Fryslannen oansprekke. Ien fan de mooglikheden dy’t ik doe neamde wie de muzyk, en spesjaal de rol dy’t it bekende Baldrs Draumar dêryn spylje koe. Wat dat oangiet is by de lêste Hilgelânmoeting in nije wei ynslein. It brekken mei de bewende trend wurdt wol it bêste symbolisearre troch de optredens fan Skalnastal út Bremerhaven en – yndied – Baldrs Draumar, mei metal en akoestyske folk.

Folksdûnsje yn ’e rûnte (foto © Kerst Huisman)

Oare nije tradysjes dy’t ik doe neamde, soenen oansluting sykje en fine kinne by de Fryske Rie. Yn it foarste plak neamde ik de beweging dy’t in folle grutter plak wol foar duorsume enerzjy. Utwikseling fan kennisse en gearwurkjen kinne in prachtich ynterfrysk doel wêze. Earder al pleite ik foar in koöperative gearwurking op dat mêd yn de Fryslannen, as Frysk gearwurkingsprojekt en as middel om úteinlik as mienskip beskikke te kinnen oer eigen finansjele middels.

Wat der op it mêd fan sport mooglik is, hawwe de Noardfriezen al sjen litten mei har fytstocht nei Ljouwert as kulturele haadstêd ferline jier. Der is ek in moaie film fan makke, dy’t op Hilgelân ek fertoand is. Miskien is it in begjin fan mienskiplike Fryske filmprojekten. Yn it ramt fan de sport soe ek it ek in spannend idee wêze kinne om jonge Fryske froulju massaal oan de selsferdigening te krijen. Myn foarkar giet út nei it oanlearen van krav maga, in yn Israel ûntwikkele selsferdigeningssport. Dy soe dan in eigen Fryske namme krije moatte en ek foarsjoen wurde moatte fan in stikmannich rituelen.

Skriuwer Willem Schoorstra rûn op Hilgelân al foarút op wer in oar idee: it wer opbouwen fan it heidensk hillichdom, dat der ienris west hat. Soks soe moai lykop gean kinne mei in idee fan Sandra Herder út it Lân Wûrsten, om op Hilgelân in kultus te begjinnen om de hillige boarne hinne, dy’t dêr ek west hat. Sawol it opnij stal jaan oan boarne en timpel soe moai passe yn de feministyske ferearing fan de Memmegoadin, dy’t hjoed-de-dei yn frouljusrûnten nochal populêr is.

maaie 30, 2019 07:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.