Turkske oerheid wol ferbod op Koerdyske les yn Japan

maaie 2, 2019 10:24 Fernijd

Yn Japan is in soad belangstelling foar lytse talen. Ferskate universiteiten jouwe omtinken oan it Frysk. De universiteit fan Tokyo jout ek kursussen Koerdysk, in minderheidstaal dy’t praat wurdt yn in stikmannich lannen yn it Heine Easten. De oerheid fan Turkije besiket dêr in ein oan te meitsjen.

De Koerdyske befolking yn it easten fan Turkije hat tradisjoneel in minne ferhâlding mei it Turkske regear yn Ankara. Dat sjocht de Koerden en harren taal en kultuer as in bedriging foar Turkije. Under de Koerden bestiet de winsk om in eigen Koerdyske steat te foarmjen. Alles wat Koerdysk is, is foar de Turkske oerheid dan ek ferkeard. Yn de jierren njoggentich waard it Turkske regear wat mylder, mar de ôfrûne pear jier nimt de anty-Koerdyske polityk wer ta.

Dosint Vakkak Çolak is op 1 april begûn mei in kursus Koerdysk yn Tokyo. Dêr dogge fjirtich Japanske studinten oan mei. Çolak is in Koerd dy’t al jierren yn Japan wennet en in wurdboek en grammatika fan it Koerdysk skreaun hat. Hy seit dat de Turkske ambassade yn Japan kontakt mei him opnommen hat en him ûnder druk set hat om mei de kursus op te hâlden. Hy hat sels de Japanske en Koerdyske parse opsocht. Neffens him hat de Turkske oerheid him net te bemuoien mei de akademyske frijheid yn in oar lân.

maaie 2, 2019 10:24 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.