Tsiende Dei fan de Fryske taalkunde / 2019

maaie 5, 2019 08:54

Fryske Akademy (foto: Wikimedia Commons/Wutsje – lisinsje CC BY.SA 3.0)

It Taalkundich Wurkferbân fan ‘e Fryske Akademy organisearret dit jier foar de tsiende kear de Dei fan de Fryske taalkunde. De dei is ornearre foar elkenien dy’t direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk: grammatika, fonetyk/fonology, nammekunde, leksikology, sosjolinguistyk, histoaryske taalkunde. Yn de lêzing kin oer wittenskiplik ûndersyk rapportearre wurde, mar presintaasjes fan ûndersyksplannen, fan spekulaasjes of fan taaldatabanken binne ek wolkom. Lêzingen meie holden wurde yn alle talen dy’t hearre ta de West-Germaanske taalfamylje.

Wannear:   freed 25 oktober 2019
Wêr:           Fryske Akademy, seal Sânwâlden

Foar eltse lêzing stiet in healoere (tweintich minuten foar de lêzing, tsien minuten foar fragen).

De Fryske Akademy ropt elk hjirby op om him/har oan te melden foar in lêzing. Stjoer – leafst sa gau mooglik, mar op syn lêst op woansdei 1 augustus – in gearfetting fan in heale A4, mei namme en adres, nei Eric Hoekstra (skriuwer fan it Wurkferbân): ehoekstra@fryske-akademy.nl.

Of mei de gewoane post nei:

Fryske Akademy,
Eric Hoekstra, Taalkundich Wurkferbân,
Postbus 54,
8900 AB  Ljouwert.

maaie 5, 2019 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.