Trije PC Kafees op Omrop Fryslân

maaie 22, 2019 09:06

Yn de oanrin nei de PC-keatspartij stjoert Omrop Fryslân dizze simmer trije PC Kafees út op ’e radio. Mei keatsers, âld-keatsers, PC-leden en oare leafhawwers wurdt yn De Bogt fen Guné foarútsjoen op de PC.

PC Kafee (foto: Omrop Fryslân)

De PC Kafees wurde útstjoerd op 27, 28 en 30 july tusken 18.00 en 19.00 oere. De útstjoeringen binne ek te hearren op Radio Eenhoorn, dêr’t Omrop Fryslân in gearwurking mei hat. Geert van Tuinen fersoarget de presintaasje en gearstalling fan de PC Kafees: “Ik bin der hartstikke bliid mei dat der trije PC Kafees te hearren binne by Omrop Fryslân op ‘e radio.”

Keats-off, lotting en PC-dei
Omrop Fryslân is op tongersdeitejûn 25 july ek live by de keats-off op it Sjûkelân, dêr’t útmakke wurdt hokker partoer as lêste dielnimme mei oan de PC. Fan 18.00 oant 20.30 oere dogge Geert van Tuinen en Roelof de Vries live ferslach fan it fjild ôf. Lykas as alle jierren is de lotting fan de PC op moandei 29 july live te folgjen by Omrop Fryslân op ‘e radio. Op de PC dei sels, op 31 july, is de taspraak fan PC foarsitter Ids Hellinga te sjen op ‘e telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Oanslutend binne de keatspartijen te folgjen op ‘e radio, op ‘e telefyzje (fan 15.00 oere ôf), Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

maaie 22, 2019 09:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.