Trije nije presintators Kunststof Radio

maaie 23, 2019 13:01

Elisabeth van Nimwegen, Antoinnette Scheulderman en Gijs Groenteman.

Kunststof, it keunst- en kultuerprogramma fan de NTR op NPO Radio 1, hat neist Jellie Brouwer trije nije ynterviewers oan it tiim taheakke: Elisabeth van Nimwegen, Antoinnette Scheulderman en Gijs Groenteman. Frénk van der Linden bliuwt ek ferbûn oan Kunststof. Hy sil foaral debatten en oare spesjale útstjoerings liede.

F.l.n.r.: Antoinnette Scheulderman (©Marc de Groot), Gijs Groenteman (foto NTR), Elisabeth van Nimwegen (©Lilian van Rooij)

Elisabeth van Nimwegen studearre yn 2001 ôf oan de Toanielakademy Maastricht en presintearret sûnt 2015 foar de NTR it wittenskipsprogramma De Kennis van Nu op NPO 2. Se hat ek twa romans op har namme stean. Elisabeth is tongersdei 30 maaie foar it earst yn Kunststof te hearren.

Antoinnette Scheulderman studearre Keunst- en Kultuerwittenskippen oan de Erasmus Universiteit Rotterdam en is foaral bekend fan har portrettearjende fraachpetearen yn de Volkskrant en LINDA. Antoinnette skoot ek geregeld oan as tafeldame by De Wereld Draait Door. Antoinnette is tongersdei 6 juny foar it earst yn Kunststof te hearren.

Gijs Groenteman makket in wyklikse podcast foar de Volkskrant en is kollumnist by it Parool. Fierder skriuwt er ynterviews, makket er radio by de VPRO, skreau er boeken oer Willem Ruis en Ischa Meijer en makke er in podcast oer Harry Bannink. Gijs is tiisdei 4 juny foar it earst yn Kunststof te hearren.

Einredakteur Annemiek Kortlang: “Ik bin tige bliid dat we mei dizze trije mearsidige sjoernalisten Kunststof fersterkje kinne. Hja hawwe alle trije harren spoaren fertsjinne en wy sjogge út nei de moaie en spannende petearen.”

maaie 23, 2019 13:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.