Tekstferwurker Word kriget hifker foar polityk korrekte taal

maaie 26, 2019 09:37

Foto: pixabay.com

It populêre tekstferwurkingsprogramma Word hat al in staveringshifker foar in protte talen en foar guon talen ek hifkers fan in korrekte grammatika en styl. Dêr komt ynkoarten in funksje by: brûkers kinne dan neigean oft harren taal wol polityk korrekt genôch is.

De nije funksje hjit Ideas en as er oanstiet, jout er in warskôging as bygelyks it Ingelske wurd gentlemen’s agreement typt wurdt. Dat kin nammentlik as seksistysk sjoen wurde. It programma jout dan it advys en brûk ynstee unspoken agreement (‘ûnútsprutsen ôfspraak’). De term disabled person (‘handikapt persoan’) mei ek net, dat moat person with a disability wêze. En foar China Town wurdt international district oanret, om’t dy namme foar de Sineeske wyk yn guon stêden guon minsken tsjin it krop is.

Fierders sil Ideas de skriuwer warskôgje as er wurden brûkt dy’t te yngewikkeld binne foar in breed publyk en as wurden brûkt wurde dy’t by guon kultueren gefoelich lizze. Doel is neffens fabrikant Microsoft om ‘commonly used poor word choices’ (‘algemien gebrûklike minne wurdkar’) tsjin te gean. Microsoft kriget by de ûntwikkeling fan Ideas stipe fan de Linguistic Society of America. Dy seit: “Ynklusive taal is in befêstiging fan ferskaat, in teken fan respekt foar alle minsken, it is gefoelich foar ferskillen en it draacht by oan gelikense kânsen.”

Ideas sil yn ‘e rin fan juny beskikber wêze, ynearsten allinnich yn de Ingelske ferzje fan Word Online, de ynternetferzje fan Word.

maaie 26, 2019 09:37
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. RobMokum maaie 26, 10:10

    Sels op dyn eigen kompjûter bist aanst net mear feilich foar dy pk-terreur.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.