Team Wybe fytst unike Benefyts11stêdetocht

maaie 17, 2019 10:53

Yn it pinksterwykein op 8 en 9 juny fytst Team Wybe de Alvestêdetocht op in groepsfyts, om safolle mooglik jild op te heljen foar de Maarten van der Weijden Foundation. Yn de tocht fan 240 km, dy’t op syn minst 24 oere duorje sil, wurde se ôfwiksele troch gastfytsers. Dy hawwe allegear in persoanlike reden om mei te dwaan. De fytsers binne ynspirearre troch Maarten van der Weijden en syn Alvestêdeswimtocht. Se hawwe in dúdlik boadskip: It giet oan tsjin kanker!
Team Wybe hopet de sneintemiddeis yn Boalsert oan te kommen. Dêr wachtet Maarten van der Weijden sels harren op. Hy kriget dan in jildcheque.

Stichting Team Wybe is yn 2015 troch in groep freonen út súdwestlik Fryslân oprjochte, neidat harren 37-jierrige freon Wybe Leenstra út Koudum oan in harsentumor stoar. Sûnt hat it team troch ferskillende aksjes goed € 75.000 ophelle foar it KWF, STOP-Hersentumoren en de sykte MS.

Meihelpe kin troch te donearjen op www.teamwybe.nl/steun-ons.

maaie 17, 2019 10:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.