‘Sykje’; in hommaazje oan Aggie van der Meer

maaie 10, 2019 09:43

Stichting UP organisearret op sneon 6 en snein 7 july 2019 trije konserten yn de Broeretsjerke fan Boalsert, mei teksten fan Aggie van der Meer en komposysjes fan Hoite Pruiksma.

Aggie van der Meer, hikke en tein yn Boalsert, wennet dêr noch altyd. As skriuwster is se let begûn, mar mei har rike taalgebrûk – soms poëtysk, dan wer to the point – fan grut belang foar de hjoeddeiske Fryske literatuer. De ienennjoggentichjierrige skriuwster is noch och sa warber.

Foar de gelegenheid skreau Aggie van der Meer twa monologen, dy’t troch akteur Thijs Feenstra útbylde wurde sille en troch de komponist foarsjoen wurde sille fan ymprovisearre muzyk. By it konsert spilet it kariljon fan it stedhûs fan Boalsert, fersterke yn de Broeretsjerke, mei de oare muzikanten mei, mar sil op dat stuit ek oer hiel Boalsert te hearren wêze. De muzyk makke foar klokkespul, koar, piano, harmoanium en sprekstim is nij en komt yn dy besetting noch net foar.

“De ynkringende en soms ek humoristyske Fryske teksten fan Aggie van der Meer en de muzyk fan Hoite Pruiksma fersterkje inoar wûnderlik goed.” Wannear’t de klanken fan it kariljon mei it konsert oer Boalserts âlde binnenstêd klinke, is dat ek in earbetoan oan in útsûnderlik bejeftige en yntrigearjende skriuwster, dy’t it fertsjinnet om op dy wize eare te wurden.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.stichting-up.nl.

maaie 10, 2019 09:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.