Sybren Singelsma: Europa jout Fryslân de romte

maaie 12, 2019 19:27

Skôging

Yn de oanrin nei de Europeeske ferkiezingen is it wichtich om ris te sjen nei de relaasje tusken Fryslân en de Europeeske Uny (EU). By de EU moatte we in goed ûnderskied meitsje tusken de politike struktuer en de politike beslissingen dy’t yn dy struktuer nommen wurde.

De politike struktuer is ûntwikkele om it de Europeeske lannen mooglik te meitsjen om harren geskilpunten op in freedsume manier op te lossen en mei in each op it mienskiplike belang oan de takomst mei-inoar op te arbeidzjen. Dat proses hat suksesfol west. It liket ûntinkber dat Europeeske lannen ûnderling noch oan oare manieren tinke as konflikten op diplomatike wize op te lossen, en dat hat wolris oars west.

Mar der is mear. Yn dat proses binne de lannen ôfhinklik faninoar wurden en de politike struktueren binne yn harren wurking feroare troch de dynamyk dy’t ûntstien is troch de Europeeske prosessen. Benammen de frije Europeeske binnenmerk hat makke dat de greep fan de oerheid op hiel wat sektoaren minder wurden is.

Yn ’t koart, it iepenbier bestjoer is fan in piramide mei in sintraal kommando evoluearre ta in netwurkbestjoer, wylst inisjatyf en dynamyk fan lykas it eigen Fryske bestjoer wichtiger wurden is. Wiene Fryske politisy eartiids allinnich mar yn De Haach te finen, se kinne Brussel en it oare bûtenlân tsjintwurdich o sa goed.

Twad hawwe we fansels it belied dat binnen dy Europeeske struktuer makke wurdt. It is wier dat dy politike aginda bepaald wurd troch de EU-lidsteaten, net troch de regio’s. Mar dat wol net sizze dat de regio’s gjin ynfloed hawwe yn Europa. Se sitte oan tafel mei sawol de lidsteaten as de EU-ynstellingen.

Om de Europeeske binnenmerk funksjonearje te litten, moatte nammentlik de efterbliuwers, sawol minsken as regio’s, konsumearje en harren ûntwikkelje. De ynstruminten binne sosjaal en regionaal belied.

Ik doar wol te stellen dat as der gjin EU-regionaal belied west hie, it Nederlânske al lang net mear bestean soe. En dat hat goed west foar Fryslân. Nim ris as foarbyld Wetsus, it Ljouwerter Wetter Sintrum. Dat partisipearret net allinnich yn sa’n seis EU-programma’s, wat it mooglik makket foar it sintrum om te funksjonearjen, mar miskien noch wol wichtiger is dat it dêrmei in part is fan kennisnetwurken, en ‘European excellence’ nei Fryslân bringt.

Lit ús net ferjitte dat it sluten fan de Universiteit fan Frjentsjer in nasjonaal Frysk trauma wurden is, mar it wie gjin tafallich beslút. It is wier dat der net in soad studinten mear wiene begjin 19de iuw, mar dat probleem hie Grins ek. Nee, in eigensinnige provinsje mocht gjin yntellekt ûntwikkelje. Dat bart no wol, ek mei de University Campus Fryslân.

Dat binne ûntjouwingen dy’t basearre binne op in eigen Fryske dynamyk, mar dy’t troch Europeeske middels de kâns en de romte krije. Fryslân stiet him foar op dy Fryske Frijheid, mar moai dat dy frijheid fan Europa de romte kriget.

Dus jou Fryslân dy romte, stim op 23 maaie!

Drs. Sybren Singelsma is histoarikus. Hy hat wurke by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.
maaie 12, 2019 19:27
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Eric Hoekstra maaie 14, 16:54

    It Europeesk Parlemint hat amper de macht dy’t in wier parlemint heart te hawwen. Alles wurdt beslist troch de Europese Commissie en dy wurdt levere troch … de lidsteaten, net troch it Parlemint. Der binne ek frijwat korrupsje- en deklaraasjemisbrûkproblemen mei dit parlemint (lêste gefal, frou In ‘t Veld fan D’66).

  2. Sybren maaie 14, 22:11

    Lit my in nuânse oanbringe. De Kommisje beslút allinnich by eigen foech, hannel en ynterne merk. Foar de rest hat er it rjocht fan inisjatyf, en Parlemint en Ried beslisse yn ko-desyzje.

  3. mbc84 maaie 15, 17:03

    Dy’t no noch leaut yn de EU, is dwylsinnich. De EU betsjut neat (en hat ek neat betsjutten) foar Fryslân en it Frysk.
    Miene dat de nije University Campus Fryslân bydrage sil oan in eigen yntellektueel fermidden, is nayf en ek dwylsinnich. It iennige dat it mei Fryslân te krijen hat, is de namme. En dêr hâldt it ek mei op.
    De EU is in ferlerne saak, en boppedat tige gefaarlik foar it eigen kulturele ferskaat. It wol sa gau as mooglik it rike eigen ferskaat ferfange troch in monokultureel oan ‘e EU ûnderhearrich konglomeraat fan net-Europeeske kultueren. De EU hat net op mei Europa, it hat wat op mei al dy sielich-sielige minsken fan dêr bûten.
    Stim foar it eigene en net foar de dwylsinnige sosjalisten. Sjoch nei Kataloanje en hoe’t de EU him ôfsidich hold.

  4. Eric Hoekstra maaie 16, 16:00

    No, jout Europa wol romte? By de Tsjonger is in fytspaad oanlein mei stipe fan de EU. Fanwege EU-regels is it sa smel wurden dat je der net mei twa neistinoar fytse kinne. Dus safolle jout romte jout de EU net 🙂

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.