Suksesfol jier foar Frysk Museum

maaie 14, 2019 07:39

Frysk Museum – foto Gerard van Beek

It Frysk Museum yn Ljouwert die it goed yn 2018. De Kulturele Haadstêd luts mei 350.000 minsken sawat twa kear safolle besikers as yn it foarige rekôrjier 2016 (doe 175.977). Hjirûnder wat gegevens út it jierferslach oer 2018.

Eksposysjes
It sukses wie foaral te tankjen oan Escher op reis. It museum wie faak útferkocht en de iepeningstiden moasten ferromme wurde. De útstalling krige in goede parse en de besikers wurdearren mei in 8,4. Fan de besikers kaam 96% der spesjaal foar.

Mata Hari: de mythe en het meisje dy’t al rûn, luts noch 57.000 besikers yn 2018. De eksposysje Rembrandt & Saskia: Liefde in de Gouden Eeuw rûn noch troch oant maart 2019. Dy krige loovjende kritiken yn de parse en in hege wurdearring fan it publyk: 8,5.

Yn de tentoanstelling Phantom Limb: Art beyond Escher namen tsien hjoeddeiske keunstners it publyk mei nei in wrâld dêr’t net yn is wat it liket. De Volkskrant, Trouw en Elsevier priizgen dy mei fjouwer stjerren. De presintaasjes Fries Land, De elf steden en Friezen binne te sjen om de fêste útstalling Ferhaal fan Fryslân hinne en der waarden trije lytsere presintaasjes iepene mei hjoeddeiske keunstners út Fryslân en fan fier dêrbûten.

Kolleksje
Der wurdt steech trochwurke oan it digitalisearjen fan de museumkolleksje: 75% is no digitaal te besjen. Yn 2018 waarden 350 brûklienstikken sjen litten, benammen fan Escher, en 924 eigen stikken. Foar Rembrandt & Saskia koene tweintich skilderijen restaurearre wurde mei stipe fan de Wassenbergh-Clarijs-Fontein Stichting.

Mei it Kolleksjesintrum Fryslân is it Frysk Museum by steat om in soad wurk út te lienen. In part fan de goed 1800 útliene stikken te sjen yn de útstalling Frysk – 100 jaar schilderkunst in Friesland yn Museum Belvédère. It museum hat ek bydroegen oan it opnij ynrjochtsjen fan it Van Eysingahuis, dat troch de Vereniging Hendrick de Keyser as museumhûs iepensteld is.

Oanwinsten
Der is ek wurk oantúgd, bygelyks Dag en Nacht (1938) Escher. De Mata Harikolleksje is útwreide mei hierlokjes, foto’s en persoanlike besittingen fan de bern. Lânskipsfotograaf Hans Wilschut makke foar it museum foto’s fan de alve Fryske stêden, Drachten en It Hearrenfean, dêrta ynspirearre troch âlde sketsen, printen en tekeningen út museumkolleksje. Dy binne mei de foto’s te sjen yn De Elf Steden. Fan Éric Van Hove (Algerije, 1975) is D9T (Rachel’s Tribute, 2015) oantúgd, in kompleks wurk mei mear as ien laach en basearre op it motorblok fan in Caterpillar D9 bulldozer.

Underwiis
Op it mêd fan keunstedukaasje is it museum ek aktyf. Der wiene in soad skoalbesites mei mear as 15.000 learlingen. MBO-studinten besochten Mata Hari: de mythe en het meisje en makke dêrnei in kollaazje. Studinten fan D’Drive organisearren om de tentoanstelling in evenemint mei sjongen, dûnsjen, muzyk, teater, in eksposysje, film en moadeûntwerpen. 7.300 learlingen fernuveren har by Escher op reis en Phantom Limb en 3.200 learlingen krigen in gastles oer Escher op skoalle. Yn it mienskipsprojekt Planeet Escher kaam Escher bûten de museummuorren ta libben, mei 3D street art, Escher yn it nôt en de grutste haakte tekken fan ’e wrâld.

Bûten de skoalle om kamen mear as 13.000 bern en jongelju nei it museum, bygelyks foar de fakânsje-aktiviteiten, dêr’t der 170 fan wiene. Dêr kamen mear as 9.500 besikers op ôf.

Ekonomyske ympuls
Ut ûndersyk docht bliken dat 249.000 besikers spesjaal foar it Frysk Museum nei Ljouwert ta kommen binne. Dy joegen mei-inoar mear as 13 miljoen euro út yn de stêd en de regio. Sa’n 35.000 fan harren sliepten hjir ien of mear nachten: 66.000 oernachtingen. It tal besikers út it bûtenlân lei op 35.000; 76.000 Friezen besochten it museum.

 

 

 

 

 

maaie 14, 2019 07:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.