Striid om de macht yn Europa

maaie 19, 2019 10:56

It earste en iennige telefyzjeduel tusken de Spitzenkandidaten Timmermans en Weber op de Nederlânske telefyzje.

Utstjoering: moandei 20 maaie, 22.00 oere, NPO 2

Trije dagen foar de Europeeske ferkiezings organisearret Nieuwsuur in debat tusken de twa wichtichste kânshawwers foar it foarsitterskip fan de Europeeske Kommisje: Frans Timmermans (sosjaaldemokraten) en Manfred Weber (kristendemokraten).

Ofbylding: NTR/NOS

It debat wurdt de moarns opnommen yn de hal fan de Frije Universiteit yn Amsterdam en deselde jûns útstjoerd yn Nieuwsuur.

De Nederlanner Frans Timmermans is no de vice-foarsitter fan de Europeeske Kommisje. Ut namme fan de Europeeske sosjaaldemokraten (PES) is er de kandidaat om de nije baas fan de Kommisje te wurden. De Dútser Manfred Weber is de lieder fan de kristendemokratyske fraksje yn it Europeesk Parleming (EVP). As de kristendemokraten opnij de grutste partij yn Europa wurde, wolle se Weber foardrage as de nije foarsitter fan de Europeeske Kommisje.

Under lieding fan Jeroen Wollaars debattearje de twa kandidaten oer klimaat, feiligens en ûngelikens. Timmermans en Weber krije de kâns harren fyzje te jaan op ûnderwerpen as in Europeeske CO2-belesting, de werferdieling fan migranten, in Europeesk minimumlean en Europeesk belied foar wenningbou.

Nieuwsuur
Moandei 20 maaie 22.00 oere, NPO 2
Presintaasje: Jeroen Wollaars

Nieuwsuur is in mienskiplik programma fan de NOS en NTR.

maaie 19, 2019 10:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.