Henk Wolf: Stjerkes telle

maaie 21, 2019 10:13

Henk Wolf

Troch Henk Wolf

As Jan wol dat syn hûn stil is, dan kin er him de bek ticht hâlde. Dat is in hele direkte manier om jins bedoeling dúdlik te meitsjen. Meastal is kommunikaasje lykwols minder direkt. Dy giet dan fia tekens, dêr’t men de betsjutting fan leard hat.

Taal is sa’n manier om fia tekens te kommunisearjen. Fan de wurden dy’t wy brûke, ha wy de betsjutting yn it ferline oppikt. Elk dy’t Frysk praat, wit wat de tekens (wurden) tafel en hûn en krintebôle betsjutte.

Taal is net it iennichste tekensysteem. As Jan syn middelfinger opstekt nei de fytser dy’t him hast oanriden hat, dan begrypt dy fytser wat Jan bedoelt. De swarte en wite streken fan it sebrapaad op ‘e dyk binne ek in teken. En it fluitsjen fan de skiedsrjochter op it fuotbalfjild is ek wer ien. Fan tiid ta tiid leare wy nije tekensystemen. Sa bin ik in hoart lyn it tekensysteem fan de stjerren yn ‘e kunde kaam.

De frou en ik hienen in appartemint hierd fia de website airbnb.com. Dat is site dêr’t minsken dy’t sliepromte te hier ha, reklame meitsje foar dy romte. In oar kin dan bygelyks in keamer of in appartemint sykje. As men wat handich siket, hat men soms foar it jild fan in hotelkeamer in grutter of kreazer plak.

Is men wer thús, dan heart it by de spulregels fan de website dat men it sliepplak in beoardieling jout. Oare potinsjele hierders krije dan in yndruk fan de kwaliteit fan it plak. Oars die de frou dat altyd, mar se sei dat ik it no mar dwaan moast. Bêst, tocht ik. Ik moast oanjaan hoefolle stjerren oft ik miende dat it appartemint fertsjinne. It maksimum wie fiif. No tocht ik, mear stjerren sil wol better wêze. Ik wie in knap appartemint, dat ik tocht, dan jou ik fjouwer fan ‘e fiif stjerren. En dat wie neffens myn oarehelte op ‘e kop ferkeard.

Midden op ‘e skaal sit trije, sei ik. En as it knap is, dan wurde it fjouwer. En as it dan in útsûnderlik plak is, dat jo mar ien kear yn ‘e safolle jier tsjinkomme, dan is it fiif stjerren. Dat soe dan likernôch it skoalsifer 10 wêze. Mar de frou redenearre oars. Se sei, as der net dúdlik wat mis mei wie, dan joust fiif stjerren, oars is it sa sneu foar de ferhierder. En as der dan in bytsje oan mankeart, dan joust fjouwer. En mei trije wurdt it al dúdlik in stik minder. Ik brocht dertsjin yn dat klanten dan noait oan ‘e weet komme oft it no in aardich of in útsûnderlik sliepplak is.

Men koe yn wurden ek noch wat oanjaan oer de ferhierders en it ûnderkommen. “Vriendelijk oud echtpaar”, skreau ik, mar dat paste ek net by it tekensysteem fan airbnb.com, sei myn oarehelte. Oud wie in taboewurd. Mar it wienen santigers, sei ik. Bejaard stelde ik noch foar, mar dat wie ek net goed. En it oardiel “Niets mis mee” oer it appartemint wie neffens myn sydsulver allinnich foar noarderlingen as in komplimint te begripen.

Ik haw it mar dien sa’t de frou it ha woe en betocht dat ik de learling bin as it om it tekensysteem giet en sij de betûfte brûker. En ik hie wer foer foar in artikeltsje.

maaie 21, 2019 10:13
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Sybren july 31, 08:16

    Moai Henk en werkenber.
    As it foar my ‘koe minder’ is, jou ik ek fjouwer stjerkes as ‘rating’ (beoardieling)….

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.