Starum hat earste plestikfanger fan it noarden

maaie 2, 2019 18:35

De plestikfanger yn Starum. Foto: Súdwest-Fryslân

De haven Rotterdam hie as earste in plestikfanger (in shoreliner), dy fan Starum is de twadde. It nije plestikopfangsysteem is ûnwikkele troch advys- en yngenieursburo Tauw BV, mei de bedoeling dat yn it wetter minder fersmoargjend plestik omdiuwt dat úteinliken yn de see bedarret, dêr’t it as plestiksop in grutte pleach is. Hoe’t it wurket is te sjen yn it filmke ‘Shoreliner vangt plastic soup in havens’: https://youtu.be/9Xmimy3yUC4.

De gemeente Súdwest-Fryslân seach der it grutte belang fan yn en koe mei subsydzje fan Nedvang it systeem oantuge. Wethâlder Eric Faber is der tige mei ynnommen dat de gemeente in stientsje bydrage kin oan it ferhelpen fan in grut probleem. Hy hopet dat it ek in previntive útwurking hawwe sil op it hâlden en dragen fan de minsken.

Starum is net it iennige plak dêr’t it driuwend ôffal him ophopet. Makkum hat der ek in protte lêst fan. Dêr sil in Seabin, in soarte stofsûger, de striid oangean. Snits hat ek sokke plakken. By de Jousterkade en it Grutsân wurdt mei ôffalfûken, dy’t ûntwurpen binne troch de firma Nagelhout fan Wâldsein, besocht  de smoargens op te romjen. Op mear plakken sil mei dat dien wurde mei in foar dy plakken gaadlik systeem.

De skoallen foar fuortset ûnderwiis yn de gemeente hâlde harren mei it probleem dwaande troch de Waste Battle, in striid dêr’t learlingen mei ideeën yn komme om omtoarkjend ôffal foar te kommen. It binne allegear aksjes dêr’t de gemeente graach oan bydraacht. De wethâlder is gruts op it rekôr oantal dielnimmers oan de Himmeldagen.

Freed 3 maaie sil Wethâlder Faber by de haven fan Starum sjen litte hoe’t de plestikfanger wurket.

maaie 2, 2019 18:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.