Spaanske rjochter ferbiedt ynlûken passyf kiesrjocht Puigdemont

maaie 8, 2019 08:00 Fernijd

Carles Puigdemont (foto: Wikipedia)

Carles Puigdemont, de Katalaanske presidint yn ballingskip, mei him ferkiesber stelle foar it Europeesk Parlemint. In Spaanske rjochter hat it ynlûken fan Puigdemont syn passyf kiesrjocht ferbean.

Nei’t it Spaanske regear de ûnôfhinklikheidsferklearring fan Kataloanië yn 2017 net erkende en it parlemint en it regear fan Kataloanië ûntbûn, moast Puigdemont flechtsje. Hy ferbliuwt op it stuit yn België, dat him net oan Spanje útleverje wol. Justysje yn dat lân wol him ferfolgje foar heechferrie en it misbrûken fan oerheidsjild.

De partij Junts per Catalunya (‘mei-inoar foar Kataloanië’) wol Puigdemont as listlûker foar it Europeesk Parlemint hawwe. De anty-Katalaanske partijen Partido Popular en Ciudadanos tsjinnen dêr lykwols in beswier tsjin yn. Inés Arrimadas fan Ciudadanos sei: “Ast in steatsgreep begiest en útnaaist, dan kinst net foar it lân dêr’t de steatsgreep syn beslach krige hat yn it Europeesk Parlemint sitten gean.” It beswier waard ûntfanklik ferklearre en Puigdemont mocht fan de kiesrie net op ‘e ferkiezingslist.

Puigdemont wol net allinnich yn it Europeesk Parlemint, mar hy wol ek gebrûk meitsje fan syn politike ûnskeinberens as er yn it Europeesk Parlemint sit. Hy kin dan net troch de plysje oppakt wurde en wol weromgean nei Kataloanië.

Oft Spanje de ûnskeinberens fan Puigdemont erkenne sil, is lykwols tige ûnwis. Spanje beskôget de beëdiging fan Europarlemintariërs yn Brussel nammentlik net as rjochtshanneling, mar easket dat minsken dy’t foar Spanje yn it Europeesk Parlemint komme yn Madrid trou swarre oan ‘e grûnwet. Dêrfoar soe Puigdemont dan nei Madris ta komme moatte, dêr’t er mooglik fuortendaliks arrestearre wurdt.

Net allinnich Puigdemont wol fia it Europeesk Parlemint Kataloanië wer yn komme kinne, dat jildt ek foar de ministers Antoni Comín en Clara Ponsatí. Comín ferbliuwt lykas Puigdemont yn België, frou Ponsatí is yn ballingskip yn Skotlân.

maaie 8, 2019 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.