Sorbyske partij sûnder Sorben misbrûkt Dútske wet

maaie 17, 2019 15:20

Op 26 maaie binne der yn Dútslân ferkiezings foar it provinsjaal bestjoer, de saneamde Landkreis. Yn de provinsje Havelland, ticht by Berlyn, docht in partij mei dy’t Partei der Sorben of PDS hjit. It nuvere is lykwols dat der nimmen foar dy partij op ‘e list stiet dy’t de minderheidstaal Sorbysk praat of dy’t sels mar út it Sorbyske gebiet komt.

Dat is ek net sa’n wûnder, want Havelland leit yn it westen fan ‘e dielsteat Brandenburch, wylst de Sorben yn it súdeasten fan dy dielsteat en yn de oanbuorjende dielsteat Saksen wenje.

De oprjochting fan de PDS en de dielname dêrfan oan ‘e regionale ferkiezings is in eksperimint fan in groep politisy fan de antypartijen Piratenpartei en Spaßpartei. Dy hawwe gjin serieus program, mar dogge wol op in soad plakken mei oan de ferkiezings. De PDS is in listferbining mei dy partijen oangien. Yn de listferbining sitte boppedat noch fjouwer lytse regionale partijen. Troch sa’n ferbining kinne stimmen fan de dielnimmende partijen byinoar opteld wurde, wat de kâns grutter makket dat hja in sit krije.

De PDS hat in spesifyk doel, nammentlik it omsilen fan de kiesdrompel. Yn Dútslân kin in partij allinnich folksfertsjintwurdigers leverje as er mear as fiif persint fan de stimmen kriget. Foar partijen fan de offisjeel erkende minderheden is dêr lykwols in útsûndering op makke: wa’t de Friezen, Denen, Sorben of de Dútske sigeunerminderheden fertsjintwurdiget, kin ek mei minder stimmen in sit krije. Dêr is lykwols gjin kontrôle op. De wet seit sels dat elkenien it rjocht hat om himsels wol of net ta ien fan dy minderheden te rekkenjen. Fan dat gat yn ‘e wet meitsje de PDS-politisy no gebrûk.

Net allinne de provinsje Havelland is part fan it eksperimint. De PDS docht yn ûnderskate listferbinings ek mei by in tal gemeenteriedsferkiezings yn Dútslân.

As it slagget om in kandidaat yn it parlemint fan Havelland of yn in gemeenterie te krijen, dan wolle de PDS-politisy in partij oprjochtsje mei de namme Sorbische Partei Deutschlands of SED. Dy moat mei de PDS fusearje ta de Sorbische Einheitspartei of SED. De brûte ôfkoartings binne allegear nammen fan eardere of besteande sosjalistyske partijen yn Dútslân. Dat is part fan de grap. It wichtichste programpunt fan de PDS is it ôfskaffen fan it fak Dútsk op alle Dútske skoallen en it ferfangen dêrfan troch it fak Sorbysk. Fierder wol de partij dat der mear bern yn ‘e gemeenterieden komme en dat it foar minsken dy’t graach út Brandenburch wei wolle mooglik wurdt om asyl oan te freegjen yn oare Dútske dielsteaten.

De partij brûkt sels Dútske sawol as Sorbysktalige ferkiezingsposters, mar kommunisearret fierders allinnich yn de Dútske taal.

De Facebookside fan de PDS is hjir te besjen: https://www.facebook.com/parteidersorben/.

maaie 17, 2019 15:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.