Soe Baudet dan dochs gelyk ha?

maaie 4, 2019 20:46

Skôging troch Jabik van der Bij

Soe Baudet dan dochs gelyk ha? Ien fan de gjalpen dy’t Baudet graach brûkt yn syn striid tsjin de Haachske polityk (dêr’t hysels ek by heart) is “fuort mei it partij kartel yn De Haach”. Baudet wol ús leauwe litte dat alle politike partijen mei-inoar ôfpraat ha dat se inoar net sear dwaan sille en inoar oer en wer in stikje fan de politike taart gunne. Lykas winkels priisôfspraken meitsje kinne, dogge de partijen dat oer de ûnderwerpen dy’t op de politike aginda steane. Mei oare wurden: se sille inoar net ôffalle. Bewiis hoecht Baudet dêr net foar te leverjen, want elk sjocht ommers dat der hiel wat bekûpe wurdt yn dy ferwinske achterkeamerkes, is er fan tinken. Dat Baudet okkerjiers der sels foar pleite dat Rutte de wat opsweerderige Halbe Zijlstra stikem troch de achterdoar ôffiere moast en dêr syn eigen evangeelje geweld mei oandie, sille wy mar as in lytse dwaling fan de begjinnende politikus Baudet troch de fingers sjen.

No moat ik fierder neat ha fan dit komplottinken fan Baudet, mar it skeat my wol eefkes troch de holle doe’t sawat alle nijsmedia mei de suggestje kamen dat Sybrand van Haersma Buma wolris de beëage boargemaster fan Ljouwert wêze koe. As men soks lêst, dan bekrûpt jin it gefoel dat der wat mei baantsjes skood wurdt. De lêste tiid leit Buma wat langer wat mear ûnder fjoer fan in part fan syn partijgenoaten. Syn wat al te rjochtse útspraken stjitte in protte CDA’ers foar de holle. Oer de wearden út de saneamde “bergrede” hearre jo Buma net sa faak, likefolle as it giet om it eigen folk as om minsken yn it bûtenlân dy’t yn de nederklits sitte. En dus moat Buma eins fuort en wat soe it dan net moai wêze as er in aardich boargemastersbaantsje krige fan in net al te lytse gemeente. Netsjes ôffiere troch de foardoar. Dêr hoecht op himsels neat op tsjin te wêzen, as it mar net achter de skermen regele wurdt troch it “partijkartel” om de wurden fan Baudet te brûken. Dêr’t ik in grouwélige hekel oan ha, is dat Buma dy baan fertsjinne ha soe omdat him dat takomt nei wat er yn ‘e polityk dien hat. As der dan ek noch by sein wurdt dat it sa goed by him past omdat syn pake en syn heit ek boargemaster wiene yn Fryslân, dan liket it derop dat de hiele profylskriuwerij en it gedoch mei in fertrouwenskommisje út de gemeenteried opfierd wurde om elk sân yn ’e eagen te struien. De útslach stiet ommers al fêst: Buma past as in kaai yn it slot as it giet om de boargemasterspost yn Ljouwert. Ik hoopje dat de fertrouwenskommisje yn Ljouwert it ûngelyk fan Baudet sjen lit.

 

 

maaie 4, 2019 20:46
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Sybren maaie 5, 12:47

    Ik leu net sa yn komplotten, mar it is damsels wol sa dat partijen dt’t yn in koalysje witte allerhande saken utruilje. Sa is Crone yn Ljouwert benaamd om’t er goed werk foar de PvdA leveren hie yn de formaasje. Begryplijk foar de partijen, mar de Ljouwerters hiene der net oer te sizzen. It seit ek neat oer de kwaliteiten fan Crone, dat kink net besjen. Mar as demokratysk principe kloppet it fansels net. Mei Buma soe itselde barre kinne.
    Mar it she betsjutte dat twa fan de trije underhannelers fan Rutte 3 fort weze soenen. As Rutte dan sels ek noch opstapt is it dan tijd foar Baudet 1? Lit Buma mar yn Den Haag tink ik dan.

  2. Kening Redbad maaie 8, 21:58

    Elk kin sjen dat Baudet gelyk hat. 95% fan alle boargemasters binne lid fan ien fan de marginale partijkes as PvdA , CDA en D66 net te ferjitten. Noch altyd skowe se elkoar de moaie baantsjes ta. En it folk hat hjiryn neat te sizzen. Heech tiid foar in boargemastersferkiezing!

  3. mbc84 maaie 9, 07:33

    Dat it partijkartel bestiet, lit him eltse kear mar wer sjen at der in partijlid fan de PvdA, D66, GL ensfh ensfh in oar baantsje krijt, dêr’t er tonnen oan mienskipjild ynsleept. Boppedat bedoelt Baudet mei it partijkartel ek dat der net sa’n soad ferskillen binne tusken PvdA, D66, GL ensfh ensfh. Se ferskille op bepaalde punten in hiel lyts bytsje, mar ûnderskiede dogge se net. Klykpartijen kinne je it ek neame. Of âlde partijen, mei in âldewetsk ynsjoch. Stim nea wer op dizze sosjalisten, minsken!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.