Skiedend boargemaster Crone oan it wurd yn iepenUP

maaie 18, 2019 09:22

Nei mear as tsien jier boargemaster fan Ljouwert west te hawwen, jout Ferd Crone it stokje oer oan Sybrand van Haersma Buma. Crone sil syn politike karriêre fuortsette as lid fan de Earste Keamer foar de PvdA. Op woansdei 22 maaie komt er noch ien kear wiidweidich oan it wurd yn iepenUP, de wyklikse praatsjoo yn gearwurking mei Omrop Fryslân en Neushoorn.

Ferd Crone (foto: Omrop Fryslân)

Yn dy útstjoering sjocht presintator Jacco de Boer net allinnich mei Crone werom op syn tiid yn Ljouwert, mar ek ferskate Ljouwerters komme oan it wurd. Sy hawwe op ferskillende wizen te meitsjen hân mei Ferd Crone as boargemaster.

Ljouwert sleepte de titel fan Kulturele Haadstêd binnen, it stasjonsgebiet waard fernijd en Crone slagge deryn om wichtige wurkjouwers en rykstsjinsten foar de stêd te behâlden: der barde in soad yn Crone’s tiid as boargemaster. Wat sil er it meast misse? Hoe sjocht hy de takomst foar Ljouwert en it Noarden foar him? En hat er ek earne spyt fan?

De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen fia in livestream op de Facebookpagina’s fan Omrop Fryslân en iepenUP, fia de Omrop-app en Omropfryslan.nl. Op Himelfeartsdei, 30 maaie, is fan 17.20 oere ôf in kompilaasje fan de útstjoering te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje.

Yn iepenUP stiet alle wiken in oar ûnderwerp sintraal oer aktuele fraachstikken, frijheid, demokrasy en ferskaat. It is ek mooglik om de útstjoering live by te wenjen yn it kafee fan poppoadium Neushoorn.

maaie 18, 2019 09:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.