Sineeske rover fynt frjemde mineralen op de moanne

maaie 22, 2019 09:35

By de Chang’e-4-misje binne mooglik mineralen oantroffen dy’t ynsjoch jaan kinne oer de oarsprong fan de moanne.

Begjin jannewaris lâne de rover fan Sina op de efterkant fan de moanne. De misje hat spoaren oplevere fan materiaal út de bûtenmantel fan de moanne.

Foto: Wikipedia/NASA – publyk domein

De Yutu-2 trof it materiaal oan yn de krater Von Kármán. De rover fûn stientelagen mei dêryn twa soarten mineralen dy’t net karakeristyk foar de moannekoarst binne. De auteurs fan it nije ûndersyk tinke dat de mineralen ôfkomstich binne út de bûtenmantel fan de moanne. As de befinings befêstige wurde, soe dat mantelstiente ûndersikers ynsjoch jaan kinne yn de ynwindige gearstalling fan de moanne en miskien mear fertelle kinne oer de oarsprong en evolúsje fan de moanne.

De Chang’e-4-misje is unyk. Alle eardere súksesfolle moannelânings wiene op de sichtbere side fan de moanne, foar in part fanwege logistike problemen by in lâning op de efterside. Sina is no it earste en iennige lân mei in rover dy’t de efterside fan de moanne ferkent. It lâningsplak yn de krater Von Kármán leit midden yn it gigantyske Súdpoal-Aitken-bekken, in ynslachkrater mei in trochsneed fan 2500 kilometer.

Op syn rûnreis fûn de rover Yuto-2 materiaal dat twa mineralen liket te befetsjen: pyrokseen mei in leech kalsiumgehalte en olivyn. Dy mineralen passe goed by de gearstalling fan de bûtenmantel fan de moanne sa’t dy yn modellen simulearre is. Fierder ûndersyk is nedich.

Boarne: Nature

maaie 22, 2019 09:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.