Simone Djurrema: Apartichheden

maaie 11, 2019 20:00

Kollum

Sûnt de lêste kollum haw ik hiel wat aparte dingen by de ein hân. Ik haw figurant west yn in grutte Sweedske filmproduksje. Dat wie in hiele ûnderfining. In soad wachtsje fansels, mar se pasten goed op ús mei kofje en waarm iten. De film waard by ús yn ’e buert sketten, dat se besochten om minsken út de regio te krijen. Der wiene hiel wat dy’t ik koe. De grutte stjerren koe ik dan wer net, dat se hoegden net bang te wêzen dat ik my om ’e hals fan de haadrolspiler smite soe. Dy soe trouwens mear op priis steld hawwe as myn man dat dien hie, mar dy docht soks net. Net figurearje en him ek net by ien om ’e hals smite…

Ik hie yn dy tiid ek kontakt krige mei in muzikant dy’t iepen mikrofoanjûnen organisearret. Ik hâld fan sjongen en dat hie ik al een skoft net dien, dat doe’t myn âlde kollega’s seine dat ik wol freon mei him wurde koe op Facebook, die ik dat ûnderdienich. Hy stjoerde my daliks in berjochtsje en foar de freeds wie it beslikke: wy hawwe tegearre mear ferskes sjongen yn in soarte fan restaurantsje as dat we fan doel wiene. Hy gitaarspylje en ik sjonge. Der wiene ek mear dy’t songen, hiel gesellich. As bonus koe ik hiel goed mei syn freondinne oerwei, dat it kin wolris wer.

En doe op reis mei ús famke. Ellen sil in jier yn Roemenië wenje om earmen te helpen. Se hie kontakt mei in húshâlding, hy is Roemeen en sy Friezinne. Dy twa wurkje dêr as sindeling. Ellen woe de auto en har berntsje (de hûn fansels) mei hawwe, dat it bêste wie dat ik meigie dy kant út. Wy hawwe it rêstich oan dien, alle dagen sa’n seis oere riden. Wy diene der fjouwer dagen oer.

It is ûnfoarstelber hokker tsjinstellingen der yn dy lannen binne. It begûn al yn Poalen, mar sa wie it yn al dy lannen. Dit is hoe’t ik it seach, misskien haw ik it hielendal ferkeard, mar sa kaam it op my oer. It begûn mei de wegen: splinternij, prachtich! Om ’e tsien, fyftin kilometer iepenbiere toiletten mei nij oanleine soarte fan parkjes en boatersplakken derby. Mar oft it no wie om’t se dit jier noch net oan it ûnderhâld begûn wiene of om’t se der gjin rekken mei holden hiene dat it ûnderholden wurde moast, it wie allegearre ûnkrûd en lang gers. Nei in hiel ein wie it jild blikber op en moasten we de gatten yn ’e dyk ûntwike. It like wol oft se jild fan de EU krige hiene en tochten: ‘no wille we sjen litte dat we it hjir foarinoar hawwe! Hawwe de Dútsers om ’e fyftich kilometer in WC, dan dogge wy it om ’e tsien! En moaier!’ Wylts yn Fryslân de perkjes fuortdien wurde yn ferbân mei besunigingen, hawwe se dêr noch net yn ’e gaten wat it kostet om se te ûnderhâlden.

Sa wie it ek mei gebouwen. Prachtige moderne gebouwen dy’t óf leech stiene, óf dêr’t in berch ûnkrûd omhinne stie. Of it stie tusken allegearre âlde gebouwen en rotsoai yn. En dan al dy grutte winkelbedriuwen, sa heech lizze de leanen dêr net, se komme net om ’e nocht yn de rest fan Europa om te wurkjen. Dat wa keapet dêr?

It wie itselde yn Slowakije en Hongarije. Yn al dy lannen ride se trouwens fierstente hurd! Mar wy hawwe oer prachtige kronkelwegen riden en de moaiste doarpkes sjoen. Heuvels, bergen, plat, it wie der allegearre. Yn Roemenië rieden we noch troch in doarp hinne mei allegearre kastieltsjes! Fel kleurige dakken en muorren, sulveren tuorkes mei allegearre ornaminten, in tuorke foar eltse dochter. Dat wiene de huzen fan de rike sigeuners. Googelje mar ris op “gipsy palaces in Romania”. It sil gjin straf wêze om Ellen wer op te heljen, of misskien moat ik dat Hindrik dan gunne.

Wy hiene in prachtige rit tegearre, en de hûn wie hiel braaf. In bytsje te braaf, want de earme stakkert wie wat mislik. Nei in pear dagen yn Roemenië reizge ik werom en omdat de fluchten op hiel ûngelokkige tiden giene en aardich wat kosten, koe ik likegoed in part mei de trein gean en dan fuort noch wat dingen besjen ûnderweis. Ik haw noch nea sa flink west, want ik, dy’t altyd fan alles meinaam ‘foar it gefal dat’, hie ditkear alles foar tolve dagen yn ien, ja werklik, ien rêchsek! Dat mei wol yn ’e krante, soene se by ús thús sein ha.

De reis gie earst nei Cluj Napoca. Yn ’e trein trof ik in jong pearke út Amearika dat krekt as Ellen tichtby har mei bern wurket. Yn Cluj mocht ik oernachtsje by Bert en Margriet Looij, dy’t ik koe fan twa eardere reizen dêrhinne. Sy wurkje mei de stifting www.prorroma.org. Wy hawwe wat oantinkens ophelle en de oare moarn naam ik de trein nei Boedapest. Yn ’e trein dêrhinne trof ik in leave jonge frou, dy’t my ôfrette om de trein nei Warschau te nimmen yn ferbân mei enoarme drokte en mei kâns in pear oere stean te moatten. Yn Boedapest hie ik twa goedkeape oernachtingen boekt by ien yn ’e hûs en hie ik ien hiele dei om de stêd yn te gean. Ik haw noch nea safolle âlde gebouwen sjoen! Prachtich! En ik haw hiele moaie petearen hân mei myn gastfrou.

Doe mar mei de Flixbus nei Warschau, dêr’t ik ek twa nachten hie en dêr haw ik ûnder mear tsjûge west fan de Nasjonale Dei mei allegearre aktiviteiten. Wy reizgen de hiele stêd troch mei it iepenbier ferfier foar hast neat en giene noch nei in wytsingdoarp ta, dêr’t ik mei pylk en bôge sketten haw. Ik moast wol laitsje: Ik wenje yn Skandinavië en haw dêr noch nea in Wytsing sjoen. No wie ik yn Poalen en trof ik Poalske Wytsingen!

Jimme fernimme wol dat ik dizze kear safolle meimakke haw dat in kollum eins te koart is. Dat ik moat der mar in ein oan breidzje. Ik kin noch wol dit sizze: it wurdt wol yngewikkelder mei it treffen fan minsken yn of út it bûtenlân. Miskien witte jimme noch dat ik ris skreau dat ik altyd sis dat ik út Nederlân kom, mar dan út in diel dat Fryslân hjit en in eigen taal hat. Ik fiel my noch hieltyd mear Friezinne as Nederlânse, dat dat lit ik echt net wei! No wurdt it hieltyd gekker, want ik sei alle kearen: “Ik wenje yn Sweden, mar ik kom út Nederlân. Mar dan wol út in diel dat Fryslân en in eigen taal hat…”

De foto’s komme út de eigen kolleksje.
Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.

 

 

 

maaie 11, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.