Simmerkuiertocht út Surhústerfean wei

maaie 20, 2019 09:41

De Simmerkuiertocht fan De Trochsetters wurdt holden op sneon 25 maaie út De Lantearne wei; Jan Binnesloane 49, 9231 CA Surhústerfean. Ferskate ôfstannen kinne rûn wurde: fiif, tsien, fyftjin, fiifentweintich en tritich kilometer.

Foto: De Trochsetters

De rûte fan de fiif kilometer rint yn ’e omkriten fan Surhústerfean. De tsienkilometerkuierders nimme in gruttere rûnte sadat folle mear fan de natuer belibbe wurde kin. Sy kuierje ûnder oare by Ophús en Koartwâld del. De tritich kilometer giet fia Stynsgea nei Surhuzum foar de earste rêst, dêr’t de fyftjin kilometer syn earste rêst ek hat. Yn De Grinzer Pein, yn de Teetún Blotevoetenhof kinne de tritich-, fiifentweintich- en fyftjinkilometerkuierders útrêste en genietsje fan de rêst en de moaie omjouwing.

De beide langste ôfstannen gean dan fia Kerherne en it moaie kûlizelânskip mei de elzesingels nei it Curringherfjild mei syn blomrike ikkers. Dêrnei giet de kuiertocht fierder om it natuergebiet De Jiltdyksheide hinne, dêr’t Skotske heechlanners en lângeiten weidzje, nei de rêst oan de súdkant fan De Pein yn Fryslân, tichtby Strânhiem, in prachtige rekreaasjedobbe. De rûtes geane foar it grutste part oer ferhurde paden, skulpepaadsjes en ferhurde diken, fansels wol ôfwiksele mei bosk- en sânpaadsjes. Allinnich de fyftjinkilometerrûte hat wat mear net-ferhurde paden.

De starttiid fan de tritich en fiifentweintich kilometer is tusken 9.00 en 10.00 oere. De rûtes wurde allegear foarsjoen fan pylken en binne dêrom tige gaadlik foar Nordic walking. Foar elkenien is der in rûtebeskriuwing oanwêzich en foar wa’t dat wol, is der in oantinken. It ynskriuwen kin op de deis sels en kostet fjouwer euro, leden fan it kuierbûn krije ien euro koarting. Bern betelje € 2,50, oantinken ynbegrepen.

Elkenien dy’t fan kuierjen hâldt kin meidwaan en is fan herte wolkom op 25 maaie. Foar mear ynformaasje sjoch www.trochsetters.com. Of skilje nei 0512 – 355211.

maaie 20, 2019 09:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.