Seis Fairtradesertifikaten yn Súdwest-Fryslân 

maaie 9, 2019 10:08

Yn it ramt fan de Wike fan de Fairtrade wurdt freed 10 maaie yn de gemeente Súdwest-Fryslân de EarlikWinkeljenrûte lansearre. Dat bart by gelegenheid fan it útrikken fan in Fairtradesertifikaat oan seis bedriuwen yn Snits. De feestlikheid wurdt opset troch Grutsk & Grien en de Wurkgroep Fairtrade Gemeente Súdwest-Fryslân. Wethâlder Mark de Man is derby. De bedriuwen dy’t it sertifikaat krije, binne Donker Groen BV, Doppio Espresso, Lewinski Culinair Podium/Lewinkel, Lokaal FNV Súdwest-Fryslân, Lotus Natuurvoeding en Rijschool Fokke Sneek.

De winkels fan Stichting Eerlijk Winkelen ferkeapje duorsume produkten. Dêrby is te tinken oan  in breed skala fan artikels dy’t op de iene of oare wize miljeu- en/of minskfreonlik binne, bygelyks biologysk, lokaal, fairtrade, sirkulêr, twaddehâns.

Fairtrade stiet foar: in earlike priis foar boeren, arbeiders en produsinten yn ûntwikkelingslannen; gjin artikels makke troch bern. Tagelyk giet it ek om duorsumheid. De Wurkgroep Fairtrade Gemeente Súdwest-Fryslân kontrolearret oft bedriuwen oan alle betingsten foldogge. Foarsitter fan de Wurkgroep Gerard Flapper: “It omtinken foar duorsumens en it assortimint fan duorsume en earlike produkten yn ús gemeente groeit flink.”

Fan freed ôf steane de seis bedriuwen ek yn de EerlijkWinkelen-app. “Mear as tweintich earlike winkels steane dêr dan yn. Wy hoopje dat der noch hielwat by komme”, seit wethâlder Mark de Man.

De feestlikheden begjinne freed om healwei alven op it Lewinski Culinair Podium, Waterhoenstraat 2 yn Snits.

maaie 9, 2019 10:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.