Schylgeralân: Fûgels yn de maitiid

maaie 8, 2019 08:44

Fan 17 oant 19 maaie kinne bedreaune fûgelleafhawwers en begjinners op de folkshegeskoalle Schygeralân folop genietsje fan de natuerrykdom. De maitiid op Skylge is in fassinearjende tiid foar fûgelers.

Readboarstke (foto: Wikimedia Commons/Theun – CC BY.SA 3.0)

Oan it begjin fan de briedtiid sjonge fûgels om harren territoarium ôf te beakenjen. Yn de bosk it bekende readboarstke, de tsjiftsjaf en de bûnte lyster, yn it dún de sakrekt út Afrika weromkommen gerssjonger mei syn karakteristike snoarjende sang, of it ferneamde lûd fan de geal.
Yn de polder hawwe de greidefûgels it heechste wurd, wylst op it Waad grutte groepen rosse skriezen en rotguozzen harren klear meitsje foar de reis nei Sibearië. Mei de eigen fûgeler Arie Ouwerkerk fan de Folkshegeskoalle is dat allegear op te sykjen.

Alle ynformaasje oer it wykein is te finen op folkshegeskoalle.nl/fy/aanbod/fugels-yn-de-maitiid.

maaie 8, 2019 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.