Schylgeralân: ‘De see, de see’ yn Fryske keunst en literatuer

maaie 9, 2019 06:30 Fernijd

Folkshegeskoalle Schylgeralân

Yn it wykein 24 en 25 maaie kin op de Folkshegeskoalle Schylgeralân geniete wurde fan rêst, romte, weagen, wyn en strân… en fan ferhalen en keunst. De see is in wichtige ynspiraasjeboarne foar de mins. Dat sjocht men ek werom yn de Fryske literatuer en byldzjende keunst. Yn it temawykein ‘De see, de see’ nimme de Folkshegeskoalle en Tresoar de dielnimmers mei nei de see yn wurd en byld.

Kester Freriks, skriuwer, Eeltsje Hettinga, dichter fan Fryslân en essayist, Elmar Kuiper, dichter/filmer/muzikant en Tresoar-direkteur Bert Looper jouwe hannen en fuotten oan it tema. Mei Kester Freriks wurdt bygelyks kuiere troch it lânskip fan it eilân en leard hoe’t de ferheljende eleminten har oantsjinje. Bert Looper loadst de dielnimmers troch it ‘wyntrochwaaid’ gebiet Fryslân en lit harren sjen hoe’t ynearsten foaral de bedrigingen fan de see ûndergien waarden. Fan 1900 ôf ûntstiet der stadichoan in oare hâlding, dêr’t de see in plak fan skientme, refleksje en ûnthaastjen yn wurdt. Dat wjerspegelet him prachtich yn de Fryske literatuer en keunst.

Alle ynformaasje is te finen op https://folkshegeskoalle.nl/fy/aanbod/see-see-fryslan-en-europa-keunst-en-literatuer.

maaie 9, 2019 06:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.