Sa krimineel binne asylsikers echt

maaie 22, 2019 17:57

Hoe krimineel binne asylsikers yn Nederlân no echt? Juster stapte steatssekretaris Mark Harbers op, om’t ûnder syn ferantwurdlikens sifers ferspraat wiene dêr’t slimme misdieden troch asylsikers ûnder it kopke ‘overig’ ferstoppe wiene. De krante De Telegraaf makke alarmearjende sifers fan ‘e plysje buorkundich: 4600 plysjemeldings en dêrfan 31 dy’t te krijen hiene mei moard of deaslach, 51 slimme mishannelings en 79 oantaastings of ferkrêftings.

It deiblêd Trouw socht jitte djipper en meldt dat 60 persint fan ‘e meldings net ta ferfolging laat hat. Dat kin bygelyks wêze om’t de saak net slim genôch wie of omdat der te min bewiis is. Der bliuwe dan 2610 saken oer mei asylsikers as fertochten. Dêrûnder binne in soad minsken dy’t fan mear as ien saak fertocht wurde: mei-inoar 1710 asylsikers waarden ferline jier fan in misdriuw fertocht. De rjochter spriek ferline jier 1748 kear in feroardieling út tsjin in asylsiker: guons binne dus foar mear as ien misdriuw feroardiele.

Hoewol’t 31 saken te krijen hiene mei moard of deaslach, is der ferline jier mar ien persoan ferstoarn troch geweld troch asylsikers. Wat de oare tritich saken wiene, wie net nei te gean.

Trouw hat ek ûndersocht oft asylsikers krimineler binne as oare minsken yn Nederlân. Dat blykt it gefal te wêzen. It kriminaliteitssifer ûnder asylsikers is likernôch twa kear sa heech as dat ûnder oare ynwenners.

Yn 2015 waard 2,2 persint fan de ynwenners fan asylsikerssintrums yn Nederlân fan in misdriuw fertocht. Under autochtoane Nederlanners wie dat neffens it CBS yn 2015 0,8 persint, ûnder Marokkanen lykwols 4,6 persint en ûnder Antillianen sels 5,1 persint.

Trouw wiist derop dat asylsikers relatyf faak jonge manlju mei net folle jild binne en dat der mank minsken mei dy eigenskippen altyd in soad kriminelen binne. De krante wiist der ek op dat jonge manlju yn asylsikerssintrums yn trochsneed minder faak fertocht wurde fan misdieden as jonge manlju út lege sosjaal-ekonomyske fermiddens bûten asylsikerssintrums.

De krante wiist der fierder op dat de slachtoffers neffens de ûndersikers fan de oerheid nei alle gedachten relatyf faak oare asylsikers binne en dat de dieders navenant faak gjin kâns op asyl hawwe, om’t hja út feilige lannen komme.

maaie 22, 2019 17:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.