Rôfmoard op Hantje Zijlstra sintraal by Deadebetinking yn Wolsum

maaie 1, 2019 08:28

Hantje en Minke Zijlstra doe’t se 25 jier troud wiene

Op sneon 4 maaie organisearje de feriening Doarpsbelang Wolsum en it 4-maaiekomitee Blauhús yn Wolsum de deadebetinking. Dit jier bart dat yn ’e mande mei de famylje fan Hantje Zijlstra. Spesjaal wurdt stilstien by Zijlstra’s dea op 27 jannewaris 1945 as gefolch fan in brute rôfoerfal op 16 jannewaris.

Tiisdei 16 jannewaris wie slachter-feekeapman Zijlstra op de fyts ûnderweis fan de feemerk fan Snits nei hûs ta. Op Fiifhûs by Wolsum, ticht by syn hûs, waard er oerfallen en yn ’e holle sketten. Alve dagen letter stoar er yn it sikehûs yn Snits, 51 jier âld. De dieders binne oppakt en feroardiele ta finzenisstraffen, mar de famylje bleau efter mei in soad pine en fertriet. It drama hat oant hjoed-de-dei in grutte wjerslach hân op de bern en de bernsbern.

Hantje Tjeerd Zijlstra (berne yn 1893 te Wolsum), wie troud mei Minke Zijlstra en se hiene acht bern. Hy wie slachter en feekeapman en molk in pear kij. Yn de oarloch wie er aktyf yn it ferset. Hy koördinearre ûnder mear de opfang fan ûnderdûkers en soarge derfoar dat se op de ûnderdûkadressen fleis krigen. It sikehûs fan Snits waard ek fan fleis foarsjoen. Hy joech sels ek ûnderdak oan Joaden en oare ûnderdûkers yn syn hûs op Fiifhûs. Troch syn soarch kamen de joadske famkes Riek de Leeuw en de suskes Betty en Renée Metzelaar feilich de oarloch troch. Mei harren hat de famylje altyd kontakt en in goede bân ûnderholden. Riek de Leeuw stie ek as dochter op de roukaart fan Hantje Zijlstra en sy neamt him noch altyd heit.

By de betinking sille Betty Metzelaar en de pakesizzers Wout en Ageeth Zijlstra in taspraak hâlde.

maaie 1, 2019 08:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.