Rêste jo ek út as jo net sliepe, mar wol op bêd lizze?

maaie 28, 2019 21:04

Foto: pixabay.com

Dy’t de sliep net krije kin, praat himsels gauris oan dat er op syn minst útrêst troch stil te lizzen. Heiten en memmen sizze ek gauris tsjin bern dy’t net sliepe kinne dat se gewoan lizzen bliuwe moatte en dan dochs útrêste. Mar is dat wol sa?

Longdokter Reinier de Groot is direkteur fan it Nederlânsk sliepynstitút NSI yn Rotterdam. “Zolang je wakker bent, rust je niet uit”, seit er. Neffens him binne gâns pasjinten mei dat misbegryp oanhelle.

Ferwurking

Sliep is tige wichtich foar de wurge lea, dat er him ferhelje kin. Dat kriget op twa wizen syn beslach. Yn ‘e saneamde djippe sliep rêst it brein út, sadat it senuwstelsel bykomt fan in dei fol drokten. En yn de saneamde remsliep, as it brein just wer tige warber is, wurde oantinkens fan ‘e ôfrûne dei argivearre en wurde emoasjes ôfswakke. As dat muoite kostet, kriget de slieper in nachtmerje, sa leit De Groot út.

Dy’t net sliept, ûntspant wol wat, mar it sliepbrekken hat gâns negative útwurkings op ‘e lea. De wurgens nimt ta, it lichem wurdt swakker en geastlike swierrichheden tsjinje harren oan, om’t it brein oantinkens en emoasjes net ferwurkje kin. Wa’t lang net sliept, kin him dúdlik minder goed konsintrearje as oars. It ûnthâlden fan dingen slagget nei slieptekoart ek minder goed. Fierders krije minsken dy’t te min sliep hân hawwe gauris in min sin, seit De Groot.

Advys foar minne sliepers

Sliep is dus wichtich, mar wat no as men de sliep wier net krije kin? Wat moat men dan? De Groot rekommandearret syn pasjinten oan om it in kertier tiid te jaan. Leit men dan noch wekker, dan is it neffens him tûk om derôf en doch wat ûntspannends. Men kin bygelyks in rêstjaand muzykje beharkje of oan yoga dwaan. Spannende films, kofje en alkohol ret er ôf, mei’t soks it brein wekker hâldt.

Wat ek helpe wol is om op in kâlde bank of in oar net sa noflik plak lizzen te gean. In protte minsken wurde dêrtroch slieperich en longerje dernei om wer op bêd.

Doch gjin dingen op bêd

Minsken dy’t faak lêst hawwe om yn ‘e sliep te kommen, ret De Groot oan om harsels derop te trenen dat it brein it bêd allinnich mei sliepen yn ferbân bringt. Op bêd noch nei de televyzje sjen of kompjûterspultsjes dwaan, makket neffens De Groot dat it brein it bêd as “een soort leefomgeving” begjint te sjen.

maaie 28, 2019 21:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.