Provinsjale Reinbôgefiering

maaie 24, 2019 08:41

Hollum, Sint-Magnustsjerke (foto Wikimedia Commons)

Alle jierren organisearret de Wurkgroep ‘Geloof en Homoseksualiteit Friesland’ in tsjerketsjinst yn gearwurking mei in pleatslike gemeente earne yn Fryslân. Dit jier sil dat wêze op snein 16 juny de herfoarme Sint-Magnustsjerke fan Hollum op it Amelân. De foargonger is dominy Sijbrand Alblas. De fiering begjint om 11.00 oere.

De Arrivabus nei Holwert, line 66, giet om 8.34 út Ljouwert wei. De boat nei it Amelân giet om 9.30 út Holwert wei. Der rydt in bus nei Hollum ta.
Nei de tsjinst is der in moeting en in lunch yn De Pleats (frijwillige bydrage).

Wa’t mear witte wol kin kontakt opnimme mei ds. Ulbe Tjallingii, skriuwer fan de Wurkgroep G&H, info@werkgroepgh.nl, telefoan 06-1485 9557

maaie 24, 2019 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.