Protte omtinken foar Europeeske ferkiezings yn Nieuwsuur

maaie 8, 2019 09:44

Nieuwsuur set de kommende wiken fol yn op de Europeeske ferkiezings. Op moandei 13 maaie, mei de start fan de kampanje, organisearret Nieuwsuur yn de Prinsenhof yn Delft it earste grutte telefyzjedebat mei tolve Europeeske listlûkers. It giet om alle listlûkers fan partijen dy’t op it stuit yn de Twadde Keamer fertsjinstwurdige binne en ek meidogge oan de Europeeske ferkiezings:

Ofbylding: NTR/NOS

Esther de Lange – CDA
Sophie in ‘t Veld – D66
Marcel de Graaff – PVV
Malik Azmani – VVD
Arnout Hoekstra – SP
Frans Timmermans – PvdA
Bas Eickhout – GroenLinks
Peter van Daalen – CU/SGP
Anja Hazekamp – PvdD
Derk Jan Eppink-  FvD
Toine Manders – 50plus
Ayhan Tonca – DENK

Yn Nieuwsuur debattearje sy yn lytse selskippen fan fjouwer of fiif politisy oer ferskate tema’s dy’t sintraal stean yn de ferkiezingsstriid, lykas klimaat, arbeidsmigraasje en flechtlingen. De streekrjochte útstjoering út Delft wei wurdt presintearre troch Mariëlle Tweebeeke en Jeroen Wollaars.

Debat FvD – D66
Foarôfgeand oan it grutte listlûkersdebat bringt Nieuwsuur ek noch op freed 10 maaie in debat tusken de listlûkers fan de twa partijen dy’t skerp foarinoar oer stean as it giet oer de rol fan de EU: Forum voor Democratie (Derk Jan Eppink) en D66 (Sophie in ’t Veld).

Reportaazjes Saskia Dekkers en Jan Eikelboom
Yn de reguliere útstjoerings fan Nieuwsuur stiet Europa de kommende wiken ek sintraal. Yn in trijedielige searje ûndersiket Europa-korrespondint Saskia Dekkers de ôfnimmende solidariteit yn de Europeeske Uny. Yn hieltyd mear lannen hawwe politisy it nasjonale belang foar eagen. Yn de Uny wurdt ferskillend tocht oer it oplossen fan ekonomyske en migraasjeproblemen. De Europeeske solidariteit stiet ûnder druk en wat binne de gefolgen?

Dêrneist sketst ferslachjouwer Jan Eikelboom yn in nije ôflevering fan de Nieuwsuur-searje De onderstroom de gefolgen fan ien fan de wichtichtste aspekten fan de iepen grinzen: de tanommen arbeidsmigraasje út East-Europa: Wa binne de Poalen, Roemenen, Bulgaren en Balten dy’t hieltyd mear ûnderdiel fan ús arbeidsmerk wurden binne? Hoe libje en wurkje sy yn Nederlân en hoe sjogge sy tsjin ús lân en Europa oan?

Utslaggejûn
Nieuwsuur is der ek oan ’e ein fan de Europeeske ferkiezingsstriid. Op snein 26 maaie is der in ekstra lange útstjoering oer de útslaggen. De wichtichste stimbusútkomsten yn Europa wurde presintearre, lykas in earste prognoaze fan de sitteferdieling yn it Europeesk Parlemint. Jeroen Wollaars presintearret de útstjoering; Dionne Stax bringt de útslaggen.

maaie 8, 2019 09:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.