Prolooch sylseizoen Burgumer Mar

maaie 9, 2019 19:00

De tradysje fan de Fryske Boerepream, de BM’er en de Wierumer Aek WL19 komt wer ta libben op de Burgumer Mar fan 17 oant en mei 19 maaie 2019. Wettersportferiening Tusken Mar en Leyen organisearret sneon 18 maaie de Prolooch Sylseizoen 2019 Fryske Boerenpream yn Eastermar. It publyk kin fergees mei de mar op nei it wedstriidwetter. De sneins kin elkenien meidwaan oan workshops silen, kanofarren, suppen en wynsurven.

Fryske Boerepream
Boeren ferfierden oant healwei de 20ste iuw kij, molkbussen, hynders, hea, griente, fruit, ierappels, biten, dong ensafuorthinne mei de pream. Guod dat troch skûtsjeskippers oanfierd waard lykas turf of terpierde, waard mei de lytsere preammen fierderbrocht nei it efterlân. Timmerlju ferfierden harren materiaal ek mei de pream.

De ienfâldige preammen waarden as ‘tuskentrochkarwei’ boud as de skipswerf gjn opdracht hie om in skûtsje te bouwen. Se waarden net registrearre en der is dan ek net folle oer beskreaun. Se binne allegear ûngelyk, wat ek meikomt troch it doel dêr’t se foar brûkt wurde moasten. De measte oarspronklike houten boerepreammen binne ferlern gie. De lettere izeren eksimplaren wurde no brûkt as wedstriidskip. Se kinne hurd. Aardich om te witten: men sylt op in skûtsje en yn in pream.

Sa is in nije tradysje berne, it Fryske Boerepream wedstriidsilen. De balangstelling dêrfoar nimt ta, fan it publyk ek. De Vereniging de Fryske Boerepream (DFB) organisearret alle jierren de kompetysje. Watersportvereniging Tusken Mar en Leyen út Eastermar hâldt 18 maaie de Prolooch Sylseizoen 2019 Fryske Boerepream, dêr’t ek de klasse nije preammen oan meidocht.

Foto I. Rusz

Der wurde ek wedstriden mei de BM’er fearn mei leden fan de Bergumermeerclub. De BM’er is nei de Burgumer Mar neamd en 91 jaar lyn ûntwurpen troch de Burgumer hierknipper Hendrik Bulthuis. Bulthuis kaam mei in boupakket op ’e merk foar hûndert gûne. Dat wie it begjin fan it tiidrek ‘wettersport foar de gewoane man’. Dêrfoar wie it silen as frijetiidsbesteging allinne weilein foar wa’t in djoere boat betelje koe.

Tiid en lokaasje op 18 maaie
19.30 o. palaver gebou De Komerk, Snakkerbuorren 1 te Eastermar
10.30 / 10.40 o. start earste wedstriid preammen resp. BM’ers
13.30 / 13.40 o. twadde wedstriid preammen resp. BM’ers
14.50 o. tredde wedstriid preammen
+/- 17.00 o. priisútrikking op De Komerk

maaie 9, 2019 19:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.