Projekt nije brêge Dronryp

maaie 24, 2019 08:55

De flap. foto Provinsje Fryslân

De montaazje fan de nije brêge oer it Van Harinxmakanaal yn Dronryp is úteinset. De earste twa pylders binne mei help fan in grutte kraan teplak set. Dy pylders wage 30 ton en moatte mei uterste krektens op it plak ôfsteld wurde. De ‘flap’ is ûnderwilens út Sumar wei ynfearn. De flap is it beweechbere part fan de brêge mei in gewicht fan 385 ton en in lingte fan 26 meter.

Hjoed en moarn wurde de twa pylders oan de eastkant teplak set. Moandei wurde de lêste twa súdlike pylders teplak set. Ein maaie geane de lange en koarte oanrin fan de brêge, dy’t foar de ferbining mei it fêste lân soargje, op transport oer it wetter fan Seelân nei Fryslân. Yn de nachten fan 6 en 7 juny wurde se montearre. Dêrnei wurdt de brêge op de dyk oansletten en klear makke foar it betsjinjen op ôfstân, út it Swettehûs yn Ljouwert wei.

Duorsum en ûnderhâldsfreonlik
Mei in folsleine útfiering yn stiel en yn de brêge yntegrearre ferljochting, slachbeammen en ferkearsljochten, is de nije brêge fan duorsume kwaliteit, enerzjysunich en tige ûnderhâldsfreonlik. De ynnovative, lûdsearme foechoergongen hawwe in libbensdoer oant wol hûndert jier. De ôfrûne moannen is der yn Dronryp hurd oan de fundearring fan de brêge wurke. Underwilens waarden de ûnderdielen fan dizze modulêre brêge yn stielfabriken yn Seelân, Grinslân en Fryslân produsearre.

30 km op en by de brêge
Op en tichteby de brêge jildt aanst in maksimum faasje fan 30 km yn ’e oere. Tusken de bocht by Yn ’e Stâl en de ein fan de beboude kom yn de rjochting fan Baaium komt der nij asfalt op ’e dyk mei reade fytsstripen en wite fytssymboalen derop. Ein juny 2019 is de brêge foar it ferkear op it wetter likegoed as it ferkear op ’e dyk iepen.

De brêge oer it Van Harinxmakanaal wie goed 75 jier âld en wie der min oan ta. Oannimmer Oosterhof Holman ferfangt de brêge yn opdracht fan provinsje Fryslân.

maaie 24, 2019 08:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.