Pjutte-opfang ‘De Earste Wjukslach’ Reduzum behellet sertifikaat twatalich wurkjen

maaie 22, 2019 09:10

Op tongersdei 18 april wie it feest op pjutte-opfang ‘De Earste Wjukslach’ yn Reduzum. Op de lokaasje fan Kids First wurdt sûnt jannewaris 2017 wurke mei in belied dat derop rjochte is om de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. De meiwurksters hawwe in begeliedingstrajekt trochrûn en hawwe dat no ôfrûne en it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ behelle.

Foto: SFBO

Der is feestfierd mei alle bern dy’t gebrûk meitsje fan de pjutte-opfang. Oan it begjin fan de moarn kaam Riemkje Hoogland, mei de ferteljas oan. Nei in oantal peaske-aktiviteiten wie der ek noch in poppekasfoarstelling, dêr’t de beukers fan groep 1 ek by wienen.

De Earste Wjukslach en twatalichheid
Pjutte-opfang De Earste Wjukslach falt ûnder Kids First. Dy organisaasje fersoarget ûnder oaren pjutte- en berne-opfang yn in grut part fan Fryslân. In grut oantal fan de lokaasjes wurket mei in twatalich belied.

De Earste Wjukslach is fêstige by de Trije Doarpen Skoalle en hat dêr in eigen romte. It bûtenboartersplak wurdt mei de beukers dield. It twatalich belied sjocht der as folget út: pedagogysk meiwurksters Klaske en Aafke prate konsekwint Frysk mei elkenien. Frijwillichster Sylvia biedt it Nederlânsk oan. Beide talen krije ek omtinken yn it aktiviteite-oanbod, lykas by it foarlêzen, it sjongen en oare taalspultsjes. Troch de beide talen dúdlik faninoar te skieden, leare de bern de talen goed útinoar te hâlden en kinne se op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare en kinne sy better multitaske.

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje op De Earste Wjukslach west te sjen. Der wurdt sjoen nei ûnder oaren it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. Oer it pedagogysk taalklimaat skriuwt de kommisje: ‘De pm-ers wurkje neffens in fêste struktuer en nei oanlieding fan tema’s. Dy tema’s passe se ek wolris wat oan om yn te spyljen op de belangstelling fan de pjutten. Dat kin in nij bruorke of suske wêze of wat oars dat in berntsje meimakke hat. Dêr binne se linich yn. Alle oergongen fan aktiviteiten wurde oanjûn mei ferskes.’

Yn de einkonklúzje seit de kommisje ûnder oaren: ‘De pjutten ha in fijn boartersplak op De Earste Wjukslach. De pm-ers witte dat de bern it measte leare fan it (meielkoar) boartsjen en dat se harren yn in eigen tempo ûntwikkelje. Dêr jouwe se harren ek alle romte foar. Se sjogge wat de bern nedich ha, stypje harren by it spul en rikke nije útdagingen oan.’

By it sertifisearringstrajekt kriget De Earste Wjukslach begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne goed 250 bernedeiferbliuwen en pjutte-opfanglokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

maaie 22, 2019 09:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.