Piter Kikkert (ferhaal)

maaie 25, 2019 07:55

Resint ferskynd

Piter Kikkert

In histoarysk ferhaal optekene troch Jangerben

Piter Kikkert is berne yn 1845 te Skuorregea. Hy wie troud mei Hendrikje Kramer. Letter binne se skieden. Piter kaam doe yn ’e kost by Tjalke en Gryt Blauw yn Jobbegea, de âlden fan Paulus Jakje*, de harmoanikaspiler.

Piter reizge mei syn negoasje, dy’t bestie út piipreagers en -trochstekkers, troch súdeast Fryslân en Drinte. Der wurdt sein dat er ek alris mei syn hannel mei de boat fan de Lemmer nei Amsterdam fearn is. “Koene jo jo wol rêde mei it Hollânsk, Piter?”, waard him frege. Och, sei Piter, “dat hie neat te betsjutten. Ik sei: ‘Paapdoorstekers kope?’ en ik ferkocht se.” Meastentiids hie er in hûntsje by him, mar dy ferkocht er somtiden ek. Hy soarge dan wol dat er wer in oarenien krige.

Hy hie ek de gewoante om by de doarren lâns te gean om te nijjierwinskjen. Dat duorre bytiden wol oant april. By apoteker Zwart op ’e Gordyk krige er altiten in royale jefte, mei it boadskip derby dat er dan it hiele jier net werkomme mocht. By it bringen fan de nijjierswinsk spruts er altiten dizze fromme winsk út:

Veel geluk en zegen in het nieuwe jaar,
wens ik jullie met elkaar.
Zalig leven, zalig sterven,
om daarna het koninkrijk Gods te erven.

Alhoewol’t syn guodlikens fan syn antlit ôf te lêzen wie, wiene bern troch syn útris poerbenaud foar him. Mar dat waard harren troch de memmen oanpraat. Piter hie altiten in sek op ’e rêch en dêr waarden dan ûndogenske bern yntreaun, wie it ferhaal. As de bern ris ûndogensk west hiene, drigen sommige memmen: “Ik sil it tsjin Piter Kikkert sizze dat ….”, en dan woene se alles wol dwaan om it wer goed te meitsjen, as mem it mar net tsjin Piter sei. Hy kaam geregeld foar de winige doar, mar as der wat fan him kocht waard, wie syn tank grut.

Piter Kikkert hie, as er ûnderweis wie, altyd in fêst plak by boer Mindert de Vries yn Boppe-Knipe, dêr’t er nachts yn it bûthús by de kij of yn it heafek sliepe mocht. Dêr wie it fansels lekker waarm en krige er ek noch in dikke smoarbrogge fan de boer. Deis wie er dan mei syn piipreagers ûnderweis. Jûns om acht oere siet er meast op it bûthúsbankje by it ljocht fan in âld petroaljelampe. Hy die ek noch wolris in hântaast yn it bûthús lykas ôffuorje en strontfeie.

Yn de tiid fan de keallerij slepte de feint op it bûthúsbêd. Dat wie yn dy tiid in bedstee oan de kant fan it heafek. Faak hold in jongere broer fan de boer de feint selskip. It wie by in soad boeren yn dy tiid hiel gewoan dat de feint dêr altyd slepte. Ien kear bleau it bêd fan de feint leech. Dat murk Piter. Dat wie syn kâns, oars slepte er yn it heafek, mar no mei in kessen en tekkens, dat lokke him wol oan. Hy pûste de lampe út en mei klean en al skeat er yn it bedstee en slepte de nacht fan syn libben. De oare moarns soarge er dat it bêd wer wat terjochte kaam en sette er wer ôf. Doe’t de wettige bewenners in pear dagen letter it bêd wer brûkten, sei de iene tsjin de oare: “Wat jokket my de bealch.” “Ja, bliksem, my ek”, wie it andert.

Neist de pleats stie in rinteniershúske, dêr’t pake en beppe wennen mei de jongste broer fan de boer. Beppe kaam mei eagen as fjoer troch de tún fleanen en batste mei de klompen oan yn de foarkeamer. En doe kaam it: “Dêr sit my dy jonge ûnder de luzen. Hy docht oars neat as skobjen. Ik ha him it himd oer de kop skuord. Grôtfol.” Se rôp tsjin de boer: “Do soargest derfoar dat dy feint hjoed noch fan ’t hiem ôfrekket.” No makke de faam it bûthúsbêd altyd op. De boerinne hie alris sjoen dat se wol faak mei de hierkaam yn aksje wie. Mar sa’t it knipt wie, waard it ek naaid: de feint rekke fan ’t hiem. “Do smoarge luzebosk”, krige er as ôfskied mei.

De boer hie foar moade om oerdeis wolris in knipperke te dwaan en dan kroep er altyd op it bûthúsbêd. De boerinne hie alris tocht yn dy snuorje: wat skuort er altyd oan de broek, mar de man hie wat in dik liif en dan wol it spul soms mar min te plak bliuwe. Mar de moard kaam út. De boer siet ek wol gauris op it bankje dêr’t Piter altiten siet. Mar dan lei er der altyd in sketsje oerhinne foardat er derop sitten gie. Doe tocht er ris nei: it bûthúsbêd in nacht leech, syn broer krige luzen troch in feint dy’t út in skjinne húshâlding kaam. De faam mei de hierkaam. Fansels, tocht er, Piter wie op it bêd krûpt. Tsjin syn frou Gryt sei er: “Ik wol myn himd út ha.” En ja, it himd grôtfol luzen. De oare deis fregen se Piter dernei en dy bekende earlik dat er him yn de heafeksdoar en de bedsteesdoar fersind hie. En sa hold Piter tenei syn bankje en it heafek, en waard de feint wer yn tsjinst nommen.

Piter is ferstoarn yn 1910.

Boarnen: Froukje Faber, Doarpsargyf Ald- en Nijhoarne; W. Westendijk, foar it opstjoeren fan de dea-akte.
Dit ferhaal is earder publisearre yn Groot Heerenveen.

* It ferhaal fan Paulus Jakje is hjir te lêzen. Red.

maaie 25, 2019 07:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.