Pier Bergsma: Rjochters en opiny

maaie 17, 2019 20:09

Foto Rjochtbank Ljouwert

Ynstjoerd

Rjochters jouwe net faak in lêzing. Se binne ûnôfhinklik en bemuoie harren oer it generaal net mei it publike debat. Minsken dy’t foar it rjocht komme, soene oars tinke kinne dat de rjochter syn miening al foarme hat. Dochs kaam Bauke Jansen tongersdeitemiddei 16 maaie oan it wurd. Tresoar hat ien kear yn de moanne in saneamde lunchlêzing. De titel fan syn lêzing wie ”Boeren in de beklaagdenbank?” Jansen is rjochter sûnt 1995 en hy hat him talein op agrarysk strafrjocht. Dat aparte strafrjocht foar boeren bestiet ûndertusken 68 jier. De sprekker begûn mei te sizzen dat boeren net faak foar it rjocht komme. Neffens it CBS wiene der yn 2018 yn Fryslân 3599 “grasdierbedrijven”. Yn datselde jier mar 40 rjochtsaken en op alle 18000 feehâlders yn Nederlân mar 110 meldingen dy’t yn oanmerking kamen foar rjochtspraak.

Agraryske wetjouwing en alles dat dêrmei te krijen hat, bestiet al sûnt de achttjinde iuw. Sa kaam der yn 1799 in wet yn ferbân mei de kowestjerte. Boeren krigen in meldplicht en de bisten moasten ferbaarnd wurde. Hjir en der binne yn Fryslân noch saneamde pestboskjes. Op jier- en feemerken waard al iuwen tasjoen op it fee en de molke waard kontrolearre. In inkelde kear kamen boeren yn de ferlieding om der wetter by te dwaan. Sa waard in boer út Feanwâlden yn 1894 ta trije wiken finzenis feroardiele, omdat er syn molke mei 17 persint wetter oanlinge hie.“Voedselsjoemel” is fan alle tiden. Neist sokke saken giet it by agrarysk rjocht tsjintwurdich oer bistewolwêzen, miljeudelikten, iten feilichheid en konkurrinsjeferfalsking.

 Fryske saken moatte yn Ljouwert ôfhannele wurde.

De rjochtsaken oangeande it agrarysk bedriuw hawwe ek te krijen mei de wiidweidige regeljouwing en foarskriften, wylst persoanlike omstannichheden of ûngelokken foar problemen soargje kinne. As der al in feroardieling komt giet it faak om in boete, ommers wurkstraffen of finzenis soe de ein fan it bedriuw betsjutte kinne.

In pear oanwêzigen besochten Jansen te ferlieden ta útspraken oer rinnende saken. Net altyd saken dy’t neffens Jansen al yn de “pijplijn” sieten. Mei guon saken wie er op ’e hichte, mar hy woe der fierder neat oer sizze. Wol aardich dat er syn miening sizze woe oer it brûken fan it Frysk by de rjochtbank. Der wurdt nammentlik in soad Frysk praat mei Fryske boeren. Jansen fynt it spitich dat net alle saken yn Ljouwert fierd wurde kinne. Guon ferhúzje nei Zwolle. It hat te krijen mei besunigingen by it iepenbier ministearje. In tal jierren lyn is it personielsbestân yn de rjochterlike macht mei sa’n 30 persint werombrocht. De lêste jierren wurdt besocht om it tal minsken wer op peil te krijen, mar safier is it noch lang net. It betsjut dat saken soms twa jier of langer lizzen bliuwe by brek oan minskrêft. Dat is net winsklik. Dochs noch opiny!

maaie 17, 2019 20:09
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Kerst Huisman maaie 18, 12:06

    Hoe problematysk it Frysk sprekken foar de rjochtbank sels yn Fryslân noch altiten is, waard foar my dúdlik yn oktober ferline jier, doe´t de saak tsjin Jenny Douwes behannele waard. Jenny begûn yn it Frysk, omdat soks har better lei. Ik sjoch noch de lytse skokjes, dy´t troch it selskip efter de rjochtertafels gyngen. ´Mijn hemeltjelief, er wordt Fries gesproken. Snel, snel, een tolk!´ Ik koe myn laitsjen net ynhâlde.

  2. Cor Jousma maaie 18, 17:03

    De Jongfryske Mienskip hat no twa saken foar de bestjoersrjochter brocht. As wurdfierder fan de Topografyske Wurkgroep Fryslân mocht ik dêr beide kearen spesifike saken útlizze.

    Alle stikken wiene yn it Frysk en de earste kear yn Ljouwert, mar de twadde kear yn Grins ek is der sûnder tolk Frysk praat. De rjochters en de griffiers koene en Frysk ferstean en lêze. Gjin problemen wat dat oanbelanget.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.