Petysje: ‘omstekeard’ moat yn it wurdboek

maaie 7, 2019 21:04

“Omstekeard: oeral dêr’t ik it sjong witte minsken wat ik bedoel. Dêrom fyn ik dat it thúsheart yn it Frysk wurdboek.” Dat seit sjonger Marcel Smit oer it wurd ‘omstekeard’. Hy is in petysje begûn om it wurd yn it Frysk wurdboek te krijen. Smit hat de petysje moandeitejûn online set en tiisdeitemoarn wiene der fyftich ûndertekeners.

Yn de omkriten dêr’t Smit opgroeid is, yn ‘e Wâlden, waard ‘omstekeard’ hiel faak brûkt. Hy skriuwt by de petysje: “Nee, ik haw it wurd net sels betocht. It wie der al, myn heit brûkte it al doe’t ik lyts wie. “Dyn trui sit omstekeard” en myn heit learde it wer fan syn heit”.

Yn it radioprogramma Muzyk yn Bedriuw by Omrop Fryslân socht presintator Arjen Overmaat foar Smit út hoe’tst in wurd yn it wurdboek krigest. “As it wurd faak genôch yn de taal brûkt wurdt, as it in wurd is fan alle Friezen mei-inoar”, fertelt Hendrik Sijens fan de Fryske Akademy him.

“In earste stap is it wurd brûke, it te publisearjen en derfoar te soargjen dat it oernommen wurdt. As wy it faak genôch tsjinkomme op ynternet en yn teksten, dan kin it yn it wurdboek komme.” Dêrom is Smit no de petysje starten.

De petysje is hjir te finen.

(Tekst: Omrop Fryslân)

 

maaie 7, 2019 21:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.