Ofslútdyk ticht foar fytsers

maaie 9, 2019 09:03

Lykas bekend wurdt de Ofslútdyk mar leafst trije jier foar fytsers ôfsletten fanwegen renovaasje-wurksumheden troch Rykswettersteat. Fytsers wurde salang mei in bus ferfierd. Auto’s oan ’e oare kant wurdt gjin striebreed yn ’e wei lein. Dy kinne gewoan trochrace. In protte fytsers fiele harren dêr slim troch dupearre, sa’t wol bliken dien hat út ynstjoerde stikken.

Is dit net tsjinstridich: de oerheid trompettet út hoe wichtich oft it foar in better miljeu is dat automobilisten oerstappe op de (evt. elektryske) fyts, mar yn ’e praktyk giet dyselde oerheid troch mei prioriteit te jaan oan de auto, wylst der bêst oplossingen te betinken wiene om it fytspaad iepen te hâlden. Wêrom waard bygelyks de fjouwerbaans autodyk net tydlik mei ien rydbaan fersmelle ta trije banen? De middelste baan hie dan funksjonearje kinnen as passearhaven om wikseljend it (auto)ferkear yn Fryske of Hollânske rjochting de mooglikheid te jaan stadich autoferkear yn te heljen (sa’t dat ek dien is op de N50 tusken Swol en Kampen). Dan hie der plak west foar in fytsbaan njonken de autodyk. Nee, de auto as hillige ko hat noch altiten prioriteit yn ús lân nettsjinsteande alle krokodilletriennen fan de oerheid oer it miljeu.

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

maaie 9, 2019 09:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.