Oerlibbers Utøya fertelle harren ferhaal yn slotôflevering ‘Terreur’

maaie 7, 2019 09:27

Woansdei 8 maaie, 20.25 oere, NPO 2

De seisde en lêste ôflevering yn de dokumintêresearje Terreur hat de titel: ‘It eilân’ en giet oer Utøya.

Oerlibber Utøya (foto: NTR)

22 july 2011. Anders Breivik lit in bom ûntploffe yn de regearingswyk fan Oslo. Middenmank de gaos rydt er nei it eilân Utøya, dêr’t jonge leden fan de Arbeiderspartij krekt har jierlikse simmerkamp begûn binne. Hy begjint om him hinne te sjitten en giet mar troch. Yn totaal fine dy deis 77 minsken, ek in protte jongelju, de dea. Wylst men ferwachtsje soe dat de oerlibbers Breivik it leafst de deastraf jaan wolle soene, pleitsje de Noaren just foar in earlike en humane berjochting fan de massamoardner. Allinnich op dy wize krije se dêr’t se yn djipsten nei langje: stilte. Mar wat is der no, acht jier letter, noch oer fan it ienriedige Noarwegen fan flak nei de oanslaggen?

Terreur is de earste searje fan Topkapi Nonfiction – it yn 2016 oprjochte produksjebedriuw fan earder regisseur Robert Oey – yn koproduksje mei de NTR. De dokumintêresearje komt ta stân mei stipe fan de Nederlands Film Production Incentive, Autentic en it Nederlands Instituut voor Beeld en Geluid.

maaie 7, 2019 09:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.