Oargelkonserten Kees van Eersel

maaie 22, 2019 08:19

Kees van Eersel, berne yn 1944 te Vlaardingen, is in lanlik bekend oargelist, koardirigint en klokkespiler. Sûnt 1974 bespilet er it oargel fan de Grote- of Maria Magdalenakerk te Goes. Sjoch www.keesvaneersel.nl.

No’t er ôfskied fan it konsertpoadium nimt jout er noch ien kear in konsert yn in grut tal plakken. Fan ’e wike spilet er yn Fryslân. Hy docht dat mei komposysjes yn in grut ferskaat oan foarmen en stilen, dy’t er útsocht hat by de ferskillende karakters en mooglikheden fan de oargels dêr’t er op spilet.

Sleat, Gruttsjerke (foto Wikimedia Commons © Gouwenaar)

Freed 24 maaie spilet er yn de Laurentiustsjerke yn Raerd (SWF) wurken fan J.S. Bach (Concerto BWV 571), G.F. Händel  (Chaconne in G), J.L. Krebs (Sei Lob und Ehr), J. Chr. L. Kittel (partita ‘Wer nur den lieben Gott lässt walten’),  C.Ph.E. Bach (Sonate I), Clara Schumann (Praeludium und Fuge), Fanny Mendelssohn ( Preludium) en in eigen ymprovisaasje.

Sneon 25 maaie spilet er yn de Gruttsjerke fan Sleat wurken fan H. Scheidemann (Preludium en fuga in d),  G. Reiche (Sonatina), G.F. Händel (Fuga in e en ”The arrival of the queen of Sheba’), J. S. Bach (Toccata in d BWV 913 en Partita ‘Herr Christ der einig Gottes Sohn’), J.L. Krebs (‘Allein Gott in der Höh’ sei Ehr’) en in eigen ymprovisaasje.

Beide konserten begjinne om 20.00 oere.

Foto thússide: Laurentiustsjerke yn Raerd (boarne: Wikimedia Commons)

maaie 22, 2019 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.