Oare Fyzje SjongFestival

maaie 1, 2019 08:00 Fernijd

Malletband en Fanfare Harmonie Weidum smite de lapen gear en bringe foar it earst  yn harren 121-jierrich bestean tegearre in jûnfoljend muzykspektakel nei it Weidumer stadion. 26 artysten, dik 45 slachwurkers & blazers en in hiele bulte hits.

Nei de klappers Weidum Slaat Troch, Koperdieven, Memories of a Nightclub en de bernefoarstellings Hennie de Heks & Rôversguod slacht muzykferiening Harmonie Weidum op ’e nij foar bêst op mei syn grinsferlizzende Oare Fyzje SjongFestival! De bêste Eurovision songs ever, binne by it Oare Fyzje SjongFestival fan Harmonie Weidum & Friends te hearren.

Memories of a Nightclub, 2016 – Muzykferiening Harmonie Weidum e.o.

Der kin rekkene wurde op in jûn grôtfol hits, dy’t brocht wurde troch tópfokalisten. De presentaasje fan de jûn is yn de bedreaune hannen fan ús eigen ekstravagante duo Tialde Ploegh & Wybo Smids. Ut hiel Fryslân wei komme de leafhawwers nei it terpdoarp Weidum om dit unike konsert by te wenjen. Fans én bookmakers beskôgje Oare Fyzje SjongFestival dan ek as dé generale repetysje foar it echte Eurovision Song Contest 2019, dat letter yn Tel Aviv holden wurdt.

It muzykspektakel sil wêze op sneon 11 en snein 12 maaie mei ûnder mear de suksesnûmers: Slow down, Euphoria, Puppet on the string, Ding-a-dong, Birds, Only teardrops, Nocturne en it rauwe Outlaw in ’em fan Waylon!
De sneons is it fan 21.00 oant 24.00 oeren en de sneins fan 15.00 oant 18.00 oere, beide kearen yn Doarpshûs Weidum, Bornialeane 1. De tagongskaarten kostje foar folwoeksenen € 12,50 en foar bern o/m 12 jier € 7,50. Se binne te bestellen op https://www.harmonieweidum.nl/bestel-kaarten.

maaie 1, 2019 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.